RIVM meldt 95 nije coronabesmettingen

25 sep 2021 - 15:36

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 95 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der trettjin mear as freed, doe waarden 82 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 79 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat oantal op 82.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien pasjint mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 1.625. Dat wie juster 1.718.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)