Striidbere kampanje Noard-Dútske partij SSW ynspiraasjeboarne foar FNP

'Jetzt kommt der Norden' (It Noarden komt deroan): mei dy slogan docht de Dútske regionale partij SSW snein mei oan de ferkiezings foar de Bundestag, it Dútske Parlemint yn Berlyn. De SSW is de partij fan de Deenske en Fryske minderheid yn Sleeswyk-Holstein.
Kampanje basearre op Fikingskiednis. 'Wy sile nei Berlyn':
Se fiere kampanje mei in Fikingskip as byldmerk en neffens de Dútske media soe de partij in goede kâns meitsje op in sit yn de Bundestag. As dat slagget, soe dat histoarysk wêze.
It is foar it earst yn sechstich jier dat de SSW besiket om yn de Bûnsdei te kommen. Fanwegen de status fan de SSW as politike partij fan minderheden is de partij útsletten fan de drompel fan 5 persint dy't foar alle oare partijen jildt.
Stefan Seidler, de listlûker fan it SSW © ANP
Yn Sint-Anne folget Sijbe Knol fan de FNP de Dútske ferkiezingskampanje op 'e foet. Hy hopet fan herte dat de missy fan de SSW slagget. Yn novimber giet er mei in ploech jonge FNP'ers op wurkbesite nei Husum yn Sleeswyk-Holstein om fan de SSW-kampanje te learen.
Knol jout de SWW in goede kâns om de Bûnsdei te heljen. "By de lêste regionale ferkiezings hiene se 49.000 stimmen. Foar in sit yn de Bûnsdei binne sa'n 50.000 stimmen nedich, dat it moat seker kinne", seit Knol.
De SSW-missy: mei in fikingskip nei Berlyn © ANP
Noard-Fryslân yn Dútslân is in plattelânsgebiet, dêr't fanâlds in soad minsken CDU stimme. De SSW giet derfan út dat in soad CDU-stimmers iepen stean foar alternativen, no't Angela Merkel de partij net mear oanfiert.
De op de skiednis ynspirearre kampanje fan de SSW falt yn Dútslân wol op. Knol wol besykje om fan de ûnderfinings fan de SSW te learen. "Oft se it no helje of net, it is altyd nijsgjirrich. As se it helje, wolle we wite wat de suksesfaktoaren binne . As it net slagget, wolle we witte wêr't it oan lein hat."
Sijbe Knol fan de FNP oer de kampanje fan de Dútske susterpartij SSW
By de FNP sil meikoarten in wurkgroep Twadde Keamerferkiezings úteinsette om te ûndersykjen oft de partij ek oan lanlike ferkiezings meidwaan kin. "It is úteinlik oan de leden om dêr in beslút oer te nimmen, mar we sjogge der wol hiel serieus nei. As wy mear foech foar ússels hawwe wolle, dan moatte we derby wêze op it plak dêr't it debat fierd wurdt en dat is bêst wol faak yn Den Haag."

Hegere enerzjytariven nettsjinsteande wynturbines

Yn de kampanje wiist de SSW derop dat de enerzjytariven yn Sleeswyk-Holstein heger binne as yn de measte oare dielsteaten. De partij fynt dat ûnrjochtfeardich, omdat yn it noarden fan Dútslân in soad wynenerzjy opwekt wurdt. Ek soe der yn de noardlikste dielsteat fan Dútslân minder jild beskikber wêze foar sikehûssoarch as yn it suden.
De partij wol Dútslân fierder ûntwikkelje yn de rjochting fan in Skandinavyske wolfeartssteat mei in heger minimumlean en hegere pensjoenen. As minderhedepartij pleitet de SSW útsoarte foar in bettere beskerming fan de minderheden. Dy soe ek yn de Dútske grûnwet ferankere wurde moatte.