Epke Zonderland hat einliks tiid foar syn passy: spylje mei syn band

25 sep 2021 - 09:20

Nei de Olympyske Spelen is Epke Zonderland ophâlden mei topturnjen. Hoe giet it mei him en wat binne de plannen foar de takomst?

Epke Zonderland - Foto: Erikjan Koopmans

In grutte ferrassing wie it foar de measte minsken net doe't Epke Zonderland bekend makke dat er ophâlde soe mei de topsport. Hy rint al langer tsjin fysike problemen oan en foar de Olympyske Spelen yn Tokio hat de turner al faker besocht de ferwachtingen ôf te swakjen.

Hoe giet it no mei Epke en wat binne syn plannen foar de takomst? Yn in petear mei Afke Boven praat Epke ús by. Ien fan syn hobbys sil er wer grut oppakke: optrede mei syn band.

Hoe giet it mei Epke?

"It giet hartstikke bêst", reagearret Epke entûsjast, "mar de fakânsje is yndie wol oars as oars. Gewoanwei lit ik de sport nei in grut toernoai efkes los, mar dan moat ik nei twa wiken dochs echt wer oan de bak. En yn dy twa wiken bin ik dan stikem ek mei wat linichheid en krêfttraining dwaande. No hoech ik nei myn fakânsje net mear oan te trainen en dat fielt oars."

Wat fynst dêrfan?

"It is wol lekker. Ik bin no folle mear yn it momint, want ik hoech net fysyk fit te bliuwen. No fyn ik it altyd hearlik om te sporten, dus dat giet wol troch, mar it sille oare sporten wurde en wat minder fanatyk."

Wy binne no hast sân wiken nei dyn beslút yn Tokio om op te hâlden as topsporter. Hast sûnt dy tiid noch turne?

"Nee, it hie wol kind, mar we hawwe earst op fakânsje nei it bûtenlân west. Dêrnei bin ik der noch net oan ta kaam. Foar de Olympyske Spelen siet ik mei fitheidsproblemen, dus doe trainde ik folle minder yn ferliking mei oare jierren. Yn dy sin haw ik al in stikje ôftraind yn dy perioade, mar ik moat noch wol efkes dy belêsting derop sette. Myn lichem is dat sa wend. Ast dan yn ien kear ophâldst, kinst fysike problemen ferwachtsje. Ik fernim it ek wol, hear. Myn rêch en skouders binne wat stiver."

Hoe is it eins mei dyn band?

"De lêste jierren hawwe we net in soad dien. Corona hat ek net holpen, dus it wurdt tiid dat we wer faker byinoar komme. Mei troch de topsport wienen we ek noait in band mei in soad optredens. It wie mear as freonen lekker mei-inoar spylje, wat nûmers meitsje en sa no en dan in optreden. Mar as it oan my leit, mei it wol wer wat fanatiker wurde, want it is superleuk om te dwaan."

Dus jimme binne te boeken?

"Ja, we binne te boeken. We hawwe ek fêst noch wol in fage website ergens."

Yn it komplete ynterview mei Afke Boven fertelt Epke Zonderland wiidweidich oer syn libben nei de topsport. It ynterview is te lêzen yn de spesjale Kom fierder-krant fan Omrop Fryslân dy't tusken 6 en 8 oktober by alle Friezen op de doarmatte falt.

Trefwurden: 
Epke Zonderland muzikant
(Advertinsje)
(Advertinsje)