Omrop TIP: Jentsje Popma yn FryslânDOK

25 sep 2021 - 07:39

Op 30 septimber hopet keunstner Jentsje Popma hûndert jier te wurden. Dêrom stjoert FryslânDOK de film út 2016 'De flecht nei it ljocht' oer Popma en syn wurk, nochris út. Te sjen op sneon 25 septimber by NPO2 en op snein 26 septimber by Omrop Fryslân.

Popma hat al syn wurk oan de stichting Nijkleaster yn Jorwert skonken. Dat joech de stichting de gelegenheid om de keunstner yn syn 100e bertejier yn it sintsje te setten. Der kaam in boek út, der rint noch oant 2 oktober in tentoanstelling fan syn wurk yn de Grutte Tsjerke van Ljouwert. Yn it wykein fan 9 en 10 oktober is der in ferkeaptentoanstelling yn de tsjerke fan Jorwert. Popma's wurk 'De Hynsteblom' is it byldmerk wurden fan Nijkleaster.

Wurdum skildere troch Jentsje Popma - Foto: Fries Museum

Jentsje Popma fertsjinne nei de oarloch syn brea mei it meitsjen fan monumintale keunstwurken. Letter besleat er yn skilderijen it Fryske lânskip fêst te lizzen, omdat er seach dat dat feroare troch klimaatynfloeden, minsklik yngripen en de meganisaasje fan de lânbou. Syn lêste rige skilderijen giet oer it langjen om út it libben te ferdwinen; de flecht nei it ljocht. Syn bewûnderers pleitsje al jierren foar in oersjochsútstalling yn it Fries Museum. Yn juni 2021 krige Popma de Friese Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds.

Keunstner Jentsje Popma krijt de Friese Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

FryslânDOK 'De flecht nei it ljocht' (earder útstjoerd yn 2016)

Sneon 25 septimber 15.30 oere NPO2 (werhelling 26 septimber 13.10 oere)

Snein 26 septimber 17.00 oere Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)
(Advertinsje)