Lêste hân lein oan tribunes foar Riemer en Foppe yn Abe Lenstra Stadion

25 sep 2021 - 07:18

It is it momint dêr't alle supporters fan Hearrenfean op wachtsje: Foppe de Haan en Riemer van der Velde krije in eigen tribune yn it stadion. It idee komt fan de supporters.

No hingje der noch doeken foar, snein is de ûntbleating:

"Kijk dan hoe mooi dit gaat", seit supporter Frank Beenen. Hy wiist nei in blau boerd oan de ûnderkant fan de tribune. Grutte witte letters foarmje de namme 'Riemer van der Velde Tribune'. In portret fan Riemer hinget njonken in stik tekst oer syn prestaasjes by de klup.

Normaal doe je dat altijd postuum, maar wij hebben liever dat de mannen er nog bij zijn.

Inisjatyfnimmer Frank Beenen

Oan de oare kant fan it stadion itselde idee, mar dan alles oer Foppe de Haan. "Dit soort clubiconen moeten een tribune krijgen. Normaal doe je dat altijd postuum, maar wij hebben liever dat de mannen er nog bij zijn", laket Beenen.

In part fan de Riemer Tribune - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Beenen is ien fan de minsken fan Radio Camataru, in podcast oer sc Hearrenfean. Se beprate alles oer de klup en ien fan dy ûnderwerpen is de prestaasjes fan de klupikoanen.

"Riemer werd in oktober 80 en dat wilden we vieren", seit Hielke Biemond, dy't ek by de podcast belutsen is. "Toen kwamen we op het idee van de tribune. Die grap blies een beetje op, want iedereen begon erover. Toen hebben we het bij de club neergelegd en die pakten het gelijk op."

Hielke Biemond en Frank Beenen - Foto: Omrop Fryslân

sc Hearrenfean is wiis mei it idee fan de mannen. Se binne fuortendaliks begûn mei it ynrjochtsen fan de tribunen. De West- en Easttribune wurde de nije Foppe en Riemer-Tribune.

Mei alle supporters derby

"We zijn blij dat supporters meedenken en op deze manier kunnen we iets voor onze eigen mensen doen", fertelt kommersjeel manager Martin Koopman. "Dit duo verdient het om vereeuwigd te worden in het stadion. We wilden het graag al eerder doen, maar door de corona kon niemand het stadion in. Zondag kunnen alle supporters weer aanwezig zijn en dat leek voor ons het perfecte moment."

Snein om 14.00 wurde de tribunes offisjeel ûntbleate. sc Hearrenfean spilet in healoerke letter tsjin FC Twente.

Foppe de Haan en Riemer van der Velde krije eigen tribune

(Advertinsje)
(Advertinsje)