Ajax besoarget sc Hearrenfean yn ekstremis earste ferlies fan seizoen

24 sep 2021 - 21:31

It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean hat nei in oerwinning en in lykspul no ek foar it earst ferlern dit seizoen. Op De Toekomst skoarde Ajax yn de lêste minút de winnende goal: 2-1. By de Amsterdammers stie Sherida Spitse yn de basis en foel Tiny Hoekstra yn.

Chimera Ripa baalt - Foto: Orange Pictures

Hearrenfean wie prima oan it seizoen begûn, mei fjouwer punten út twa wedstriden. Ajax makke oant no ta de ferwachtingen noch net wier, mei fjouwer punten út trije wedstriden.

Yn in oantreklike earste helte krigen beide ploegen goede kânsen om de skoare te iepenjen. Roos van der Veen soarge bygelyks hast foar de 0-1 mei in kopbal. Mar Ajax wie it gefaarlikst. Marjolijn van den Bighelaar omspile doelfrou Claire Dinkla en skeat de bal dêrnei op 'e peal.

Betiid yn de twadde helte kaam Ajax dochs op foarsprong. Chasity Garant waard op rjochts weistutsen mei in goede djiptebal en skeat de bal troch de fuotten fan Dinkla troch.

Ald-Hearrenfeanspylster Tiny Hoekstra falt yn by Ajax - Foto: Orange Pictures

Tiny Hoekstra, dy't ôfrûne simmer Hearrenfean ferruile foar Ajax, foel in goed kertier foar tiid yn. Se besocht it nei in pear minuten fuortendaliks, mar skeat oer.

Tiny Hoekstra hie nocht oan it duel, fertelde se op Ajax.nl: "It is in spesjale wedstriid, omdat ik njoggen jier foar Hearrenfean spile ha. Mar ik bin nei Ajax ta kaam om wedstriden te winnen en in bettere fuotballer te wurden."

Tsien minuten foar tiid kaam Hearrenfean op likense hichte. Roos van der Veen skoarde fan bûten it strafskopgebiet.

Sa like de ploech fan Roeland ten Berge mei in fertsjinstlik resultaat werom te kinnen nei Fryslân ta, mar ynfaller Eshly Bakker makke der yn de lêste minút fan de reguliere spyltiid 2-1 fan.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)