Spinnekopmûne Arkens yn Frjentsjer draait wer as in tierelier

Yn Frjentsjer is freed de mear as 200 jier âlde spinnekopmûne Arkens wer yn gebrûk nommen nei in yngreven restauraasje. De mûne is werombrocht nei de steat fan it jier 1900. De mûne draaide freed op it offisjele momint as in tierelier, hielendal nei it sin fan alle oanwêzigen.
Bysûndere spinnekopmûne Arkens yn Frjentsjer wer yn gebrûk nommen
"It giet om ien fan de earste mûnen dy't klepkes krige yn 'e wjukken yn plak fan seil", fertelt mûnesaakkundige Gijs van Reeuwijk út Arum. "Dat wie in útfining fan mûnemakker Westra út Frjentsjer en yn dy tiid - begjin 1900 - in belangrike ynnovaasje."
Dat systeem fan Westra is by de restauraasje wer hielendal yn âlde steat werombrocht. "Elkenien kin no wer sjen hoe't sa'n mûne boud is en funksjonearret, dat hat ek syn wearde", fynt Van Reeuwijk. "Yn 1900 wie dit de meast moderne spinnekopmûne fan Fryslân."

Achtkantige mûne: bysûnder

It is ek bysûnder dat de mûne achtkantich is. "By fjouwerkantige mûnen komme de wjukken hiel gau by de hoeke, mei achtkantige mûnen bliuwe de wjukken langer frij. Dêrom ha se dy achtkantige mûnen betocht."
De spinnekop is ea boud as boeremûne en bedoeld om it wetterpeil yn de polder Arkens te regeljen. Doe't de polder wenwyk waard, waard de mûne ferpleatst nei de entree fan de stêd oan de râne fan de wyk.
Dat liket in soad foar sa'n lyts dinkje, mar yn de restauraasje fan in lytse mole sit likefolle wurk as yn dy fan in grutte mûne.
Der is 125.000 euro yn de mûne ynvestearre
De restauraasje is betelle troch ferskate fûnsen en wie net om 'e nocht. Der is mei-inoar 125.000 euro yn de mûne ynvestearre. "Dat liket in soad foar sa'n lyts dinkje, mar yn de restauraasje fan in lytse mole sit likefolle wurk as yn dy fan in grutte mûne. Alles is hânwurk, en dat makket in restauraasje fan in lytse mûne yn ferhâlding djoer."
It advys fan Van Reeuwijk oan de eigener fan de mûne, de Monumintestichting Waadhoeke, is om de mûne geregeld draaie te litten. "In mûne moat draaie, dêr is er foar makke. Dat is de beste garânsje om him op langere termyn te behâlden."
Spinnekopmûne Arkens yn Frjentsjer is wer in pronkje © Omrop Fryslân