Linde College fiert ein fan it mûlkapke: "It wie nedich, mar ek yrritant"

24 sep 2021 - 20:46

Op it Linde College yn Wolvegea is freed op in ludike manier ôfskied naam fan in tal coronamaatregels. De mûlkapkes dy't net mear op hoege, binne oan in waskline hongen. En wa't dat die krige gebak, ûnder it motto 'kappie in ruil voor een happie'. Se binne yn Wolvegea bliid dat se derfan ôf binne.

Mûlkapkes oan de waskline by it Linde College - Foto: Lourens Looijenga

Op it Linde College ha se in jier lang sa goed as mooglik besocht om har oan de regels te hâlden. Dat is ek slagge, seit rektor Jan Osinga. "De mûlkapkes wienen nedich foar learlingen en meiwurkers, mar se wienen ek yrritant."

Dus is it no tiid om it te fieren. "No't it dien is, meie we it ek op feestlike wize ôfslute", seit Osinga. "Dus we hienen in moai feestje op it skoalplein."

Wiis mei

It wie hast even wennen. "De earste kollega's seinen al dat se it suver misse. Mar dat wie mear in grapke, want it is echt hiel yrritant om mei in mûlkapke troch de skoalle te rinnen. We binne der hiel wiis mei dat it no echt dien is."

Oars krije je oer elke maatregel diskusje, dat wolle we net.

Se ha op it Linde College sa bot mooglik de regels fan de oerheid folge

Oft de mûlkapkes holpen ha of net, dêr kin Osinga neat oer sizze. "Dat wit ik net. Mar it is ek net sa wichtich wat ik fyn. Wy fine dat je safolle mooglik rekken hâlde moatte mei beliedslinen fan de oerheid. Oars krije je oer elke maatregel diskusje, dat wolle we net."

It moat op skoalle benammen oer it ûnderwiis gean. "Alle diskusjes dy't ôfliede fan ús haadtaak binne ek wer yrritant."

Gjin ûnwil

It wie dus net altyd maklik, dy mûlkapkes, mar op it Linde College ha se har der wol sa goed as mooglik oan holden. "We stienen altyd klear by de yngong om de learlingen der even op te attindearjen. En der wie faak ek gjin ûnwil by de learlingen."

De aksje fan freed holp ek om foar te kommen dat de mûlkapkes net yn de natuer of op strjitte bedarje. "Benammen de mûlkapkes dy't we ien kear brûke, dy wolle noch wolris yn de berm telâne komme of op de dyk. Dat wolle we foarkomme, gjin swalkôffal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)