Arjen van der Heide komt noch net folle oan spyljen ta, mar: "Ik sit hjir prima"

24 sep 2021 - 20:23

Arjen van der Heide hat him skikt nei syn situaasje by Sportklup Hearrenfean. Nei in basisplak yn de earste wedstriid rekke hy blessearre. "Mar ik bin ready as ik de kâns wer krij."

Arjen van der Heide: "Ik woe dizze simmer fuort, dat wit elkenien":

Arjen van der Heide spile yn de earste wedstriid tsjin Go Ahead Eagles, mar rekke doe blessearre. Dêrnei rekke hy syn basisplak kwyt: "Ik tink dat elke spiler tinkt: ik hear yn de basis. Mar dat is oan de trainers. Ik sis dêr no net te folle oer, oars krij ik rûzje mei de trainers, haha."

Siem de Jong hat syn plak oernaam, mar is in hiele oare spiler as Van der Heide. "Ik moat myn bêst dwaan om deryn te kommen. Tsjintwurdich moatte bûtenspilers ek oan de binnenkant spylje kinne en ek foar djipte soargje."

Arjen van der Heide (19)

19 novimber 2001

  • 24 earedivyzjewedstriden
  • 7 kear basis
  • 801 minuten
  • 0 goals
  • 3 assists
  • 1 giele kaart

Van der Heide makke al op syn 15e syn debút yn it earste fan Hearrenfean ûnder Jurgen Streppel by in oefenwedstriid yn Bûtenpost. No wurdt er hast 20 en hat er 24 earedivyzjewedstriden efter syn namme stean.

Noch altyd de dream

"Fuotbal kinst net planne. Doe't ik fyftjin wie, hie ik wol in oar plaatsje foar eagen, mar sa rint it net altyd." Van der Heide hat flink wat jeugdteams fan Jong Oranje trochrûn. "Ik ha noch altyd dy dream om dat te berikken, dat plaatsje." Om te begjinnen yn de basis by Hearrenfean.

Mar op syn plak stiet no dus Siem de Jong. "Ik tink dat Siem dêr no spilet omdat hy goed tusken de linys komt en in ekstra middenfjilder wurdt. De djipgong ha ik wol, mar ik moat ek de ekstra middenfjilder wurde sis mar. En in goal meitsje. De earste moat noch falle, mar dat komt wol."

De wedstriid sc Hearrenfean - FC Twente begjint snein om 14.30 oere en wurdt live útstjoerd by Omrop Fryslân op 'e radio. Roelof de Vries fersoarget it kommentaar.

Michel Vlap is snein efkes werom yn it Abe Lenstra-stadion. De Snitser spilet no by FC Twente.

Johnny Jansen hat lang trainer west fan Vlap. "Michel mag hier best wel scoren hoor. Als het 2-1 wordt, mag hij die ene scoren."

Laten we eerlijk zijn: dat Heerenveenshirt staat hem veel beter.

Johnny Jansen oer Michel Vlap

Jansen hat sa no en dan noch kontakt mei Vlap. "De laatste tijd wat minder, maar eigenlijk houden we altijd even contact. Dat-ie even vertelt hoe het bij Anderlecht gaat, hoe het in Duitsland gaat of nu over Twente. Het is een jongen die ik gewoon goed ken en ik hoop dat-ie hier ooit weer terug komt. Laten we eerlijk zijn: dat Heerenveenshirt staat hem veel beter."

Jansen: "Het Heerenveen-shirt staat Michel beter":

Snein wurde om 14.00 oere, in healoere foar de wedstriid, de Riemer- en Foppe-tribunes iepene. It is in inisjatyf fan in tal supporters dy't in podcast meitsje ûnder de namme Radio Camataru.

Jansen fynt it mar wat moai. "Ik ben blij dat het gaat gebeuren. Zij verdienen nog altijd de spotlights. Als grondleggers van deze club."

Der binne oant no goed 18.000 kaarten ferkocht. De klup ropt de fans op om op tiid nei it stadion te kommen om de iepening fan it stadion mei te meitsjen.

Johnny Jansen: "Riemer en Foppe verdienen dit":

By Hearrenfean is elkenien fit weromkaam út de wedstriid fan woansdei tsjin Feyenoord. Rami Kaib sit nei in brutsen kaak wer yn de seleksje. Rodney Kongolo hat nei in coronabesmetting freed foar it earst wer meitraind, mar sit snein noch net by de seleksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)