Provinsjes bejubelje nije oanpak ikeprosesjerûp: 'Aai fan Columbus'

Se neame it it Aai fan Columbus: in nije metoade om de ikeprosesjerûp te bestriden. In proef mei geurstoffen yn ûnder oare Weststellingwerf wurket goed.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De ikeprosesjerûp hat lytse brânhierkes en dy soargje foar jokte en hûdútslach. Oant koartlyn waarden ikebeammen bespuite as bestriding. Dêrby gongen lykwols ek oare rûpen dea.
De nije metoade - pearingsfersteuring - rekket allinnich ikeprosesjerûpen. De testen binne suksesfol ferrûn, seit de provinsje.
By de nije metoade wurde saneamde feromoanen brûkt. Dat binne geurstoffen dy't lykje op de geurstof dy't de froulike flinter útstjit, sadat manlike flinters de froutsjes fine en pearje kinne.

Mantsjesflinters betize

Troch de geurstof oan te bringen yn in beam, reitsje de mantsjesflinters sa bot betize, dat se de froulike flinters net mear sjogge en se dus net pearje.
Yn de maitiid en de simmer fan 2020 binne de testen útfierd yn trije gemeenten yn it grinsgebiet fan Fryslân, Drinte en Oerisel. Njonken Weststellingwerf wie de test yn Westerveld en Steenwijkerland.

Helte minder nêsten

Op guon gemeentlike en provinsjale diken is de geur oanbrocht op ikebeammen, op oaren net. De ûndersikers seagen in grut ferskil: op de proeflokaasjes gong it tal nêsten troch de helte.
Ikeprosesjerûpen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"De nije metoade liket dus it Aai fan Columbus", melde de provinsjes. "Benammen yn stedsk gebiet, dêr't minder romte is foar natuerlike fijannen, kin dizze metoade de oplossing wêze om allinnich oerlêst fan ikeprosesjerûpen oan te pakken, sûnder dat der neidielige effekten binne foar oare planten en bisten."
Foardat de nije metoade lanlik tapast wurde kin, moat dy noch ferfine wurde. "Dêrby wurdt sjoen yn watfoar doasis, op watfoar lokaasjes yn de beammekroan en mei watfoar helpmiddel it feromoan it meast effisjint oanbrocht wurde kin", sizze de provinsjes.