'Stielslakken binne net nedich by oanlis diken lykas Sintrale As'

Je hoege gjin stielslakken te brûken foar de oanlis fan diken. It sparret jild út, mar is net perfoarst needsaaklik foar it opheegjen fan asfaltdiken. Dat stelt dosint wegebou Meindert de Vries fan ROC Friese Poort yn Drachten. Neffens him binne der genôch oare opsjes.
© Provinsje Fryslân
Dizze wike waard dúdlik dat op in oantal plakken yn de Sintrale As, dêr't stielslakken brûkt binne, problemen ûntstien binne. Metalen lekke yn it wetter en der sitte skuorren yn de dyk. De provinsje ûndersiket ynkoarten wat krekt de oarsaak is en wa't ferantwurdlik is.

Soart goedkeap ôffal

De problemen mei de slakken binne mar op in pear plakken yn de dyk. Dat is net nuver, seit De Vries: "Je brûke de stielslakken as opheging. It is eins ôffal en de opdrachtjouwer kin derfoar kieze om it te brûken foar de dyk."
Dat sparret dan benammen jild út. It is folle djoerder om allinnich sân te brûken.

Hinget ôf fan opdrachtjouwer

Om de stielslakken hinne komme wer oare lagen. Dy sitte opsletten tusken sân en in oar materiaal dat brûkt wurdt foar it fûnemint. Op guon plakken wurdt it ynpakt yn foalje. "Dat is net oeral sa", seit De Vries. "Dat hinget ek wer ôf wat de winsken binne fan de opdrachtjouwer."
De Sintrale As © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dat op plakken mei stielslakken hobbels of skuorren ûntstien binne, hoecht net fuort troch it materiaal te kommen. De Vries: "It is benammen de grûn dy't wurket. As je in dyk oanlizze, dogge je akoestysk ûndersyk. It kin best wêze dat in meter fierderop de grûn in oare struktuer hat. Dan is it de grûn dy't wurket en net it materiaal."
Sels tinkt De Vries dat de slakken har langste tiid hân ha: "It is in kar fan de oerheden om se te brûken. Dat hoecht net, want der binne genôch oare opsjes."

Fragen oan Deputearre Steaten

De Steatefraksje fan GrienLinks hat yntusken fragen steld oan Deputearre Steaten. De partij wol dúdlik ha wêrom't net oeral dêr't de stielslakken brûkt binne beskermjende foalje brûkt is. Se wolle dat sa gau as mooglik dúdlik wurdt wat de miljeuskea krekt is.