Brânwachtorganisaasje Fryslân "staat als een huis"

24 sep 2021 - 16:19

De organisaasje fan de brânwacht yn Fryslân is goed yn oarder. Ta dy konklúzje komt feilichheidsregio Fryslân by de evaluaasje fan it dekkingsplan fan de ôfrûne fjouwer jier.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Yn 2017 presintearre feilichheidsregio Fryslân it nije dekkingsplan 'Samen Paraat'. Alle fjouwer jier moat sa'n dekkingsplan foar de provinsje op 'e nij fêststeld wurde. Oant 2014 wie it organisearjen fan de brânwacht in gemeentlike taak.

De feilichheidsregio hat it funksjonearjen fan it plan de ôfrûne fjouwer jier besjoen. Adjunkt-kommandant Marinus van de Velde: "We komen tot de conclusie dat het Dekkingsplan 2.0 staat als een huis."

Noch ris fêstlizze

Yn in dekkingsplan steane saken as wêr't de kazernes, it materiaal en de mankrêft it bêste stean kinne. Brânwacht Fryslân advisearret har algemien bestjoer itselde dekkingsplan op 'e nij fêst te lizzen foar de kommende fjouwer jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)