Sparta komt foar Schouten noch te betiid, fierder gjin blessueres mear by Cambuur

24 sep 2021 - 16:01

SC Cambuur mist snein yn de útwedstriid tsjin Sparta oanfierder Erik Schouten noch hieltyd. De sintrale ferdigener is noch net opknapt fan syn blessuere. Marco Tol liket wol fit, hy nimt plak yn it sintrum njonken Calvin Mac-Intosch.

Doke Schmidt foel tsjin Heracles ek út, mar kin snein wol meidwaan:

Yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo fan tongersdeitejûn (2-1 winst) liken der mear ferdigenjende problemen by te kommen foar trainer Henk de Jong. Doke Schmidt foel mei in blessuere út. Dat liket ta te fallen: hy seit dat er tsjin Sparta spylje kin. "In de wedstrijd tegen Heracles heb ik het net op tijd aangegeven, het was verstandig om eraf te gaan."

It wie dus in wiksel út foarsoarch: "Ik had al wat klachten de afgelopen weken, maar voor Sparta ben ik gewoon beschikbaar."

De wedstriid tusken Sparta en SC Cambuur begjint snein om 12.15 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. De earste helte yn it programma Buro de Vries, dêrnei yn Snein yn Fryslân. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.

Doe't Schmidt nei de kant gong, krige er in steande ovaasje fan it publyk. Bysûnder, want foar in protte supporters wie Doke Schmidt dochs 'dy jonge fan Dertig Kilometer Verderop'.

Misschien werd gewaardeerd wat ik de afgelopen weken heb laten zien.

Doke Schmidt oer it applaus dat er krige

Schmidt kin derom laitsje: "Misschien werd gewaardeerd wat ik de afgelopen weken heb laten zien. Dat is wel mooi. Je hoort het applaus en dat is hartstikke fijn. In het begin krijg je wel wat dingen mee dat er wat weerstand is. Ik heb het hier heel erg naar de zin en dat mijn spel wordt gewaardeerd is mooi."

In dei nei de wedstriid genietet trainer Henk de Jong noch nei fan de prestaasje tsjin Heracles: "Sy wûnen dit wykein yn de lêste minút mei 3-2 fan AZ; wy ferlearen mei 9-0 fan Ajax. Dat wy dit dan opbringe kinne is hiel knap."

Njoggen punten út seis wedstriden, "wa hie dat ferwachte?":

De wedstriid yn Rotterdam begjint snein al betiid. Cambuur traint sneontemiddei noch yn it eigen stadion en reizget dan ôf nei Súd-Hollân, dêr't se ek oernachtsje. Op Het Kasteel is Erik Schouten de iennige Ljouwerter dy't net spylje kin. De rest liket fit te wêzen, seit De Jong.

Alle wiken út de teannen

Sparta hat in goede ploech, neffens de trainer. "Lestich om tsjin te spyljen. Yndividueel sterk mei in rinnende spits, dy't dreech te ferdigenjen is. En der stiet in goed sintrum. Henk Fräser hat it goed stean, mar we besykje wol foar de oerwinning te gean. Mar it moat yn de earedivyzje wol alle wiken út de teannen komme."

Dochs steane de Ljouwerters der nei seis wedstriden geweldich foar, mei njoggen punten en it achtste plak. "Wa hie dat ferwachte?", seit De Jong. "We sitte no goed op skema, mar it skoot yn elkoar. Ik tink dat 34 punten genôch is om te hanthavenjen. Dêr gean we earst foar."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Sparta
(Advertinsje)
(Advertinsje)