RIVM meldt 82 nije coronabesmettingen

24 sep 2021 - 15:17

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 82 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tolve mear as tongersdei, doe waarden 70 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 82 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat oantal op 85, in wike lyn op 122.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 1.718. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1.738 besmettingen deis yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)