Hayo Apotheker earste eareboarger fan Súdwest-Fryslân

Hayo Apotheker hat de earste gemeentepinning fan Súdwest-Fryslân krigen. Hy krige de pinning en oarkonde fanwegen syn wurk as boargemaster fan jannewaris 2011 oant en mei desimber 2017.
Hayo Apotheker © Omrop
Apotheker wie yn 2010 waarnimmend boargemaster fan Snits. Dy gemeente gong yn 2011 op yn de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân, dêr't Apotheker doe ek boargemaster waard.
Súdwest hat dit jier besletten dat der in gemeentepinning komme moast. De earste is no dus foar Apotheker, dy't him krige út hannen fan hjoeddeistich boargemaster Jannewietske de Vries. Apotheker syn frou Arjette de Pree wie der ek by.

'De nestor ûnder de boargemaster'

"We hienen hjir yn Súdwst-Fryslân mear as de goede persoan op it goede plak", sei De Vries. "Bist in bestjoerder fan bysûnder kaliber, de nestor ûnder de boargemasters. In analytysk tinker mei grut strategysk ynsicht en by útstek in ferbiner."
Dat barde by it sympoasium Burgerbetrokkenheid en vernieuwing lokale democratie. Dat wie tongersdei yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert.
Hayo Apotheker mei links syn frou Arjette de Pree en rjochts boargemaster Jannewietske de Vries © Súdwest-Fryslân