Friese Poort sjocht groeiende belangstelling foar oplieding ta boa

Opliedingsynstitút Friese Poort sjocht dat it tal minsken dat boa (bûtengewoan opspoaringsamtner) wurde wol, tanimt. Dat komt goed út, want de fraach nei boa's wurdt hieltyd grutter.
© ANP
Nije kursisten binne faak minsken dy't in hiel oar berop hawwe of dy't wurkleas binne. De kursus bestiet út in part praktyk en in part teory. Dêr rûgelje je net samar ien, twa, trije trochhinne, seit dosint Hans Pel. "Het is een omvangrijk pakket aan theorie wat ze doen."
In grut part fan de kursus bestiet út saken dy't yn it Wetboek van Strafvordering stean. Ek leare minsken oer misdriuwen, sa as mislediging, meineed en ferset tsjin in plysje-amtner.

Plysje hat minder tiid

It oantal belangstellenden foar de kursus nimt ta, seit Pel. "Het is natuurlijk niet dat je praat over honderden mensen, maar we zien bij de Friese Poort wel een tendens die stijgende is. En de maatschappij vraagt er ook om, dat merk je steeds meer."
Hans Pel © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"De kleine overlastfeiten, daar heeft de politie over het algemeen wat minder tijd voor om aandacht aan te besteden", seit Pel. "Daarvoor is onder andere ook de buitengewoon opsporingsambtenaar, vaak in dienst van de gemeente, die daarmee belast is."

Brede oplieding

Kursist Anne van der Meer hat foar de oplieding keazen om't in brede oplieding is en hy graach mei minsken wurket. It wurk as boa sprekt him tige oan.
"Geen dag is hetzelfde. Als hovenier weet je dat je de rozenstruiken of de heg gaat snoeien. Die dingen blijven groeien, dat blijft allemaal hetzelfde. Als boa weet je: je komt uit bed en je hebt misschien wel een bepaald plan, maar je weet nooit hoe een dag verloopt. Die kan er heel anders uitzien dan dat je van tevoren voor ogen had."
Anne van der Meer © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort sjocht by de boa-oplieding