De toan fan Joana Duarte: "Symboalpolityk?"

"Kommende snein de 26ste is it wer Europeeske Taledei. De Ried fan Europa wol dêrmei meartaligens yn Europa befoarderje en it ferskaat oan talen fiere, om sa it ynterkulturele begryp dat wy foar elkoar hawwe te fergrutsjen. Wa kin dêr op tsjin wêze?
No't de koroanamaatregels it wer talitte, sil in dei earder, op 25, de betinking fan de slach by Warns, in stilstean by de Fryske frijheid en in symboal fan de Fryske identiteit, gelokkich ek wer trochgean kinne.
Sokke symbolyk is fansels wichtich. Mar wat hawwe wy einlik te fieren? Der binne skoallen dy't yn in twa-, trije- of sels meartalige setting hiel goed oan it Frysk en oare talen wurkje. Dochs binne der ek skoallen yn Fryslân dy't wol wat mear ambysje toane meie, lykas bygelyks dy doarpsskoalle dêr't in soad Frysk te hearren is, mar dêr't de bern net oan it skriuwen fan de taal takomme.
Myn kollega Eabele Tjepkema promovearre ein augustus op it gebrûk fan it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk troch learlingen en learkrêften op trijetalige skoallen. Ut syn ûndersyk die ûnder oare bliken dat der sels op trijetalige skoallen noch sprake is fan in ymplisite taalhierargy. As learlingen Ingelsk of Nederlânsk prate, en se meitsje flaters, dan wurde se ferbettere. Meitsje se flaters yn it Frysk, dan bart dat folle minder.
Op De Flambou yn Easterbierrum krige neist it Frysk, Nederlânsk en it Ingelsk ek it Poalsk en it Arabysk in plak. Op IKC Sint Jozef op It Hearrenfean meie alle memmetalen fan alle bern klinke. Dochs is dat spitigernôch net oeral fanselssprekkend. Op 25 augustus lêstlyn trune it Committee Against Racial Discrimination fan de Feriene Naasjes der by Nederlân op oan der foar te soargjen dat meartalige bern net beheind, of sels bestraft wurde meie, as se op skoalle har memmetaal prate wolle.
Op grûn fan de International Convention on the Elimination of All Forms of Racial Discrimination mei it net ferbean wêze om op skoalle jo memmetaal te brûken. Dochs is dat op Nederlânske skoallen noch wol faak de praktyk. Op guon skoallen moatte bern yn it skoft in Nederlânsk wurdboek oerskriuwe as se it dochs weagje har memmetaal te praten. Yn in stik yn de Volkskrant fertelde in juf dêr grutsk oer, as wie it in good practice.
Yn de jierren fyftich wiene sokke praktiken ek net ûngebrûklik as it om it Frysk gie. Sûnt Kneppelfreed op 16 novimber dit jier santich jier lyn, alwer sa'n symboal, is der wat dat oanbelanget gelokkich in soad feroare. Ut dizze foarbylden docht lykwols bliken dat der noch in soad wurk ferset wurde moat. Dat sit 'm net iens sa bot yn wetjouwing, hânfêsten of conventions; wat dat oangiet is der sûnt de jierren fyftich yndied in soad berikt. It sit him wol yn mentaliteit, yn grutskens, yn attitude en ambysje. Ja, it is wichtich om it Frysk te fieren, mar noch wichtiger is it om in fisy te hawwen op it ûnderwiis yn it Frysk. Der mei wol in toskje by set wurde. Mei de finsters iepen, as ik it sizze mei.
Guon minsken sjogge omtinken jaan oan meartaligens as in bedriging foar it Frysk; se soene har faaks it leafste weromlûke op de eigen Fryske postsegel. Mar wêrom is it Frysk wichtich as oare talen dat net wêze meie? Wêrom soene oare talen in bedriging foarmje foar it Frysk? Foar my is elk meartalich bern gelyk, fertsjinnet elk bern gelikense kânsen, oft it no Frysk, Arabysk, Poalsk of Portugeesk praat neist it Nederlânsk. In iepen blik op de wrâld, en bewust omgean mei de kwaliteit fan ús taal, bringt ús fierder. Dogge wy dat net, dan is in Europeeske Dei fan de Talen symboalpolityk, en in betinking fan de Slach by Warns of Kneppelfreed net mear as folkloristysk flaggefertoan."