"Mijn droom is om eigenhandig een dam op te blazen"

24 sep 2021 - 09:00

Herman Wanningen is ien fan de betinkers fan de Fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk. Tsien jier lyn betochten hy en twa kollega's it plan yn de kroech. Ta harren eigen fernuvering wurdt it plan hielendal útfierd. "Ik had nooit gedacht dat ze een gat in de Afsluitdijk zouden maken, maar het is gelukt!"

Herman Wanningen is ien fan de betinkers fan de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk

Wanningen hat hert foar de ûnderwetterwrâld. "Ik ben opgegroeid op een boerderij in Drenthe, we zwommen en speelden altijd in een beek. Daar is mijn liefde voor deze onzichtbare wereld ontstaan."

It wichtichste fan it projekt is it fuortheljen fan dammen en oare obstakels foar de fisken. "Je wilt een gezonde en schone waterhuishouding en vissen spelen daar een belangrijke rol in. Maar dan moet je ze wel de ruimte geven."

Oer de hiele wrâld

Dêrom hat Wanningen in stichting oprjochte: de World Fish Migration Foundation. Dizze stichting soarget derfoar dat der oer de hiele wrâld ûnder oare dammen fuorthelle wurde, sadat fisken frij swimme kinne. De realisearring fan de fiskmigraasjerivier is it absolute hichtepunt.

Ik ben enorm trots dat ik hieraan heb bijgedragen.

Herman Wanningen oer de fiskmigraasjerivier

"Het is een letterlijk en figuurlijk een enorme doorbraak. Dit wordt het grootste en meest innovatieve project ter wereld op dit gebied. Ik ben enorm trots dat ik hieraan heb bijgedragen."

Mar Wanningen hat noch folle mear ambysjes. "Op een dag hoop ik eigenhandig een dam op te blazen. Op de Afsluitdijk mag dat natuurlijk niet, maar het lijkt me geweldig om met één druk op de knop duizenden vissen de vrijheid te geven om te kunnen zwemmen waar ze willen."

De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.

Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk binne te finen op ús temaside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)