Aris giet 'ynternasjonaal' mei nije kompetysje: "Dit geeft veel kansen"

De basketballers fan Aris waarden yn it ôfrûne seizoen ien-nei-lêste yn de Dutch Basketball League. Dochs stiet der no in ynternasjonaal seizoen te wachtsjen op de Ljouwerters. De ploech komt dit seizoen nammentlik út yn de BNXT League: in gearfoeging fan de Nederlânske en Belgyske kompetysje.
In nije trainer, in nije seleksje en in nije kompetysje foar Aris:
Aris giet dy nije kompetysje yn mei in nije coach: de 34-jierrige Vincent van Sliedregt. De Rotterdammer, dy't oan de kant fan syn mem wol Fryske roots hat, wie it ôfrûne seizoen assistent-coach by kompetysjegenoat Yoast United. Dêr foel er op en sa kaam er ôfrûne simmer telâne oan tafel by it bestjoer fan Aris.
"In dat eerste kennismakingsgesprek waren we beide zo enthousiast dat het vanaf daar heel snel ging", seit Van Sliedregt. "We hebben dezelfde beelden, ideeën en dezelfde werkwijze. Dus het was best wel een goede 'fit' om verder gaan. Zodoende hebben we dat verder ingericht en kunnen we beginnen."
It bestjoer fan Aris liket yn Van Sliedregt in coach foar de langere termyn te sjen. Hy is direkt foar twa jier fêstlein en Van Sliedregt sels is yntusken al nei Burdaard ta ferhuze.

Nije seleksje

De seleksje fan Aris bestiet dit seizoen út fyftjin spilers. Dêrfan binne der mar leafst tolve nij. Allinnich Tim Hoeve, Jackson van Seijen-Brown en Reinder Brandsma fan Damwâld spilen it ôfrûne seizoen by de Fryske klup.
Brandsma is noch mar 21 jier, mar fernimt dat er as spiler dy't al langer by Aris sit no in oare rol hat. "Ik moat no mear dingen útlizze oan de jonge jonges", seit Brandsma. "Taktysk op it fjild bygelyks."
Mar ek de praktyske saken: "Hoe't de baskets nei ûnderen ta moatte. Wêr't de ballen hinne moatte. Dêr moat ik noch efkes by helpe. Dat lit ik se efkes sjen en dan kinne se it dêrnei moai sels dwaan."
Dat Aris no útkomt yn de BNXT League hat in soad gefolgen. Sa moat de klup oan in tal nije betingsten foldwaan. Der moast bygelyks in nij skoareboerd komme, wêrop't de statistiken fan alle spilers te sjen binne en komt der in spesjaal kamerasysteem wêrmei't de wedstriden allegearre streamd wurde kinne.
Mar ek kwa begrutting wurde easken steld. Dit jier moatte de klups yn de kompetysje minimaal in begrutting fan trije ton hawwe. Yn it nije seizoen wurdt dat fjouwer ton en yn it seizoen dêrnei sels fiif ton. "Dat wurdt noch in hiele útdaging", seit manager Sierd Dijkman. "Mar we hoopje dat dizze kompetysje mear oandacht en dus mear ynkomsten generearret."

Lange busreis

De kompetysje begjint mei in binnenlânske ronde en yn febrewaris fan kommend jier moat Aris ek echt de grins oer. Dan kin der samar in útwedstriid tsjin Charleroi of Luik op it programma stean. De fierst mooglike útwedstriid is dy tsjin Oostende, in rit fan mar leafst 404 kilometer.
Oer ekstra reiskosten hoecht de klup him lykwols gjin soargen te meitsjen, want de klups mei de heechste begrutting yn de BNXT League kompensearje de klups mei de leechste begrutting yn de reiskosten.
Het is aan ons om aan te haken en daar is niks mis mee.
Trainer Vincent van Sliedregt oer it hege nivo fan de Belgyske klups
Neffens trainer Van Sliedregt soarget de kompetysje foar in soad nije kânsen foar Aris. "Dit is gewoon een groter segment en dat is interessanter voor de sponsoren in de business club, maar ook voor het basketbal is het een stap om te groeien. In België zijn ze ons minimaal een halve stap vooruit. Het niveau ligt daar wel een tandje hoger. Het is aan ons om aan te haken en daar is niks mis mee", seit de coach.

Nije kompetysje sprekt oan

"Er zijn ook spelers die normaliter de Nederlandse competitie als te klein zien, die zich nu wel melden", seit Van Sliedregt. Shaquille Doorson is dêr ien fan. Hy komt nei acht jier yn it bûtenlân werom nei Nederlân foar de BNXT League.
"De BNXT League heeft veel voor mij betekend", seit de 2,13 meter lange basketballer. "Het niveau in België is net een stapje hoger. Dat geeft ook meer ogen op het Nederlandse basketbal. Dat helpt spelers dan weer om meer bereik te hebben en op een hoger niveau te spelen. Dat heeft zeker voor mij geholpen om hier te komen."

Donar

De earste wedstriid fan Aris is freedtejûn om acht oere yn it fertroude Kealledykje. Donar út Grins is dan de tsjinstanner.
Yn de earste faze fan de BNXT League spylje de Belgyske en Nederlânske klups in kompetysje fan achttjin wedstriden yn eigen lân. Fan febrewaris ôf begjint it ynternasjonale part fan de kompetysje, wêryn't de Belgyske en Nederlânske klups it ek tsjin inoar opnimme.
Dêrnei begjinne de play-offs. Dat is in frij yngewikkeld systeem, sjoch dêrom ûndersteande fideo: