Twa Boarnsters bondelje libbensferhalen fan 75 doarpsgenoaten yn tsjok boek

24 sep 2021 - 06:56

In tsjok boek mei de titel As ik de toer mar sjoch is der makke fan de libbensferhalen fan 75 ynwenners fan Aldeboarn. It boek fan mear as fjouwerhûndert siden ferskynt sneon yn in oplaach fan tûzen eksimplaren.

Skriuwster Janny van der Heide - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean sil it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme en oanslutend skinke oan de Boarnster Aldheidskeamer. De titel is gjin tafal. In soad Boarnsters fiele harren thús sadree't se de bekende Boarnster toer sjogge.

Oeren prate

Janny van der Heide en Bert Witteveen út Aldeboarn hawwe mei in soad nocht oan it boek wurke. Ald-feehâlder Witteveen learde troch de ynterviews syn doarpsgenoaten noch folle better kennen. "Ik bin oeral tige gastfrij ûntfongen. We hawwe faak oeren sitten te praten, ek wol mei in drankje derby as it wat letter waard. Ik moat sizze dat ik dat wol in bytsje mis, no't it boek klear is."

Van der Heide besocht de ynterviews wat mear djipte mei te jaan troch ek te freegjen nei de sin fan it libben. Dat levere wolris stilte op, mar ek in ferskaat oan moaie en nijsgjirrige antwurden. In ynterview dêr't se mei in soad nocht oan weromtinkt, is it bysûndere libbensferhaal fan Helga Folkertsma, de frou fan de bekende Boarnster skoalmaster en komponist Paulus Folkertsma.

It kin konfrontearjend wêze as je eigen libbensferhaal swart op wyt stiet.

Janny van der Heide, skriuwster

It duo hat besocht om sa soarchfâldich mooglik te wurkjen. De 75 ynterviewde Boarnsters krigen it ynterview te lêzen en oanslutend ek rom de tiid om mooglike wizigingen troch te jaan. De konfrontaasje mei de eigen libbensferhalen makke by guon fan harren wol de nedige emoasjes los.

"Ik haw wol by fiif minsken meimakke dat harren de triennen yn de eagen sprongen. It kin konfrontearjend wêze as je eigen libbensferhaal swart op wyt stiet. Mar de measte minsken fûnen it bysûnder en moai dat se frege waarden", fertelt Van der Heide.

Foar it boek binne mear âldere as jongere Boarnsters ûnderfrege. De bekende topsporters Jorrit Bergsma en Daan Breeuwsma steane yndirekt yn it boek, want Jorrit syn mem en Daan syn heit waarden ek ynterviewd.

Skriuwer Bert Witteveen - Foto: Omrop Fryslân

It stie foar Witteveen yn 't foar fêst dat it in Frysk boek wurde soe. "Dat kin net oars. As je soks yn it Nederlânsk dogge, dan is it net eigen." Ek alle ynterviews waarden yn it Frysk ôfnommen, op ien nei. Dat lêste petear is, mei tastimming fan de ûnderfrege persoan, oerset yn it Frysk.

Witteveen omskriuwt Aldeboarn as in 'hecht doarp'. "De gondelfeart spilet dêr seker in rol yn, want dy soarget der foar dat de meast ûnderskate minsken mei-inoar oan de slach geane om de moaiste gondel fan it jier te bouwen."

It boek As ik de toer mar sjoch soe yn earste ynstânsje ferskine by de 75ste edysje fan de gondelfeart. Mar no't de gondelfeart al in pear kear skrast is fanwege corona, is it boek der sels earder.

Skriuwers Janny van der Heide en Bert Witteveen

(Advertinsje)
(Advertinsje)