Tal besmettingen rint yn ien wike mei tredde part werom

24 sep 2021 - 06:00

Yn Fryslân reitsje noch hieltyd mear minsken besmet mei it coronafirus as yn oare provinsjes, mar ek by ús rint it tal positive besmettingen werom: fan 876 in wike lyn nei 598 de ôfrûne wike. Dat is in delgong fan 31,7 prosint.

In coronatest - Foto: ANP

Yn trochsneed gie it om 85 besmettingen deis yn de ôfrûne wike yn Fryslân, in wike earder wie dat 125.

De gemeente Noardeast-Fryslân hie mei 124 registraasjes de measte besmettingen. Nei Noardeast-Fryslân komme Ljouwert (88) en Súdwest-Fryslân (59). De gemeenten Skiermûntseach en Flylân binne de iennige gemeenten dy't de hiele wike frijbleaune fan nije besmettingen.

Omrekkene ek it meast yn Noardeast

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners ek yn Noardeast-Fryslân it heechst. Op 100.000 ynwenners wienen der 274 besmettingen fêststeld. Buorgemeenten Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel folgje mei respektyflik 201, 126 en 109 besmettingen de 100.000 ynwenners.

Gjin stjergefallen, trije sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike binne der gjin Friezen stoarn oan it coronafirus. Ferline wike wie der ien stjergefal.

Trije Friezen binne mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat giet om twa ynwenners fan de gemeente Noardeast-Fryslân en ien fan Hearrenfean.

Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Goed 53.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 598 testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 53.508 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 488. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fal elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettings en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)