"Eerst was ik bang voor de Noordtribune, nu schreeuwen ze m'n naam"

De ferromming wie grut yn it Cambuurstadion nei de winst op Heracles Almelo (2-1). De Ljouwerters sieten der even trochhinne, de dagen nei it pynlike ferlies tsjin Ajax. De stipe fan de supporters hat Cambuur derboppe-op holpen, sizze trainer en spilers nei ôfrin.
Jhondly van der Meer giet fan hichtepunt nei hichtepunt:
By Jhondly van der Meer kamen nei de wedstriid de emoasjes nei boppen. De 19-jierrige ferdigener stie foar it earst yn de basis by Cambuur. Nei de wedstriid socht er syn heit op. "Ik werd er een beetje emotioneel van. Het was een bijzonder moment."
It giet hurd mei Van der Meer: koartlyn makke er syn debút yn de earedivyzje, hy is oproppen en hat wedstriden spile foar Haïty en no dus yn it Cambuurstadion foar it earst yn de basis. "Ik heb de afgelopen tijd veel mooie dingen meegemaakt."

Telefoantsje mei de trainer

Van der Meer stie links sintraal achteryn, wylst er gewoanwei faak rjochts sintraal stiet. "Ik ha der ek oernei tocht om Doke Schmidt nei it sintrum te heljen", seit trainer Henk de Jong. "Of Calvin Mac-Intosch nei links. Mar ik ha Jhondly belle oer hoe't er yn it jeugdteam spilet. Hy sei: 'Trainer, het maakt me niets uit.' Dus ik ha 'm der moai delset."
Henk de Jong nei de winst op Heracles © Dijks Fotografie
En dat gong allegear prima, fûn Van der Meer sels. "Fantastisch! Aan het begin was het even wennen, maar ik raakte niet in paniek. Had geen spanning. Ik wilde gewoon een goede wedstrijd spelen en winnen. Zeker na Ajax."

Oare sfear nei ferlies tsjin Ajax

Hielendal nei dy wedstriid tsjin Ajax dus, want dy hat syn spoaren wol neilitten. "We zaten er echt mee, de sfeer was de dagen na de wedstrijd heel anders", seit doelpuntemakker Michael Breij.
"We hadden het allemaal nog niet eerder meegemaakt, zo kansloos verliezen. Ajax was gewoon heel goed en wij... wat minder. Maar vandaag moesten we weer."
It publyk koe de ynset fan Cambuur wurdearje, fernaam Breij:
"De knop moest om, dat heeft de trainer ons ook duidelijk gemaakt. We hebben zó hard gevochten. Nog niet alles was top, maar het publiek kon onze vechtlust ook waarderen. En de drie punten zijn geweldig."
Breij sette de Ljouwerters healwei de earste helte mei in kreas skot yn 'e fiere hoeke op foarsprong. It wie syn earste earedivyzjegoal foar Cambuur. "We creëren iedere wedstrijd zoveel kansen. Ik schoot ook nog twee keer tegen iemand aan. Ik kan mezelf nog zoveel verbeteren als rechtsbuiten."

Supporters jouwe fleugels

Trainer Henk de Jong wie net allinnich te sprekken oer syn spilers, ek oer de stipe fan de supporters. "Dit hienen we as klup even nedich."
"Us supporters witte ek dat wy it dreech hienen saterdei":
"Ik fyn it moai hoe't ús supporters op ús passe", fertelt de trainer. "Dy witte ek dat we it hiel dreech hienen saterdei."
"De reaksjes dy't ik krij, ek fan krityske supporters: se steane hielendal achter ús. Jûn ek wer. Dat jout ús fleugels. We ha wol in pear kear wat gelok hân, dat sjoch ik ek wol, mar it wie in âlderwetsk Cambuurjûntsje."
Ik dank m'n vader dat hij me naar dit gekkenhuis heeft gebracht.
Jhondly van der Meer
Dy supporters sille ek Van der Meer noch wol even bybliuwe. As lyts jonkje kaam er nei Ljouwert. "Daar heb ik m'n vader voor bedankt, dat hij me naar dit gekkenhuis heeft gebracht. Als kleine jongen keek ik naar de Noordtribune en werd ik bijna bang van het lawaai. En nu, een paar jaar, later speel ik hier zelf en mag ik genieten van dat lawaai en schreeuwen ze m'n naam. Fantastisch."

Sparta 'ek gjin minne ploech'

En dan hat Cambuur wol twa drege útwedstriden hân tsjin PSV en Ajax, mar de Ljouwerters steane mei trije thúsoerwinningen kreas yn de subtop. Breij: "We hebben het waanzinnig goed gedaan. Door dit resultaat gaan we met vertrouwen naar Sparta. Ook geen verkeerde ploeg, ze kunnen redelijk leuk voetballen. Het wordt daar ook lastig."