Effektyf Cambuur nimt revâns mei thúswinst op Heracles

23 sep 2021 - 20:41

Sportklup Cambuur hat thús tsjin Heracles Almelo revâns naam foar it pynlike ferlies by Ajax. Thús wûnen de Ljouwerters mei 2-1. Michael Breij en Mees Hoedemakers skoarden foar Cambuur.

Michael Breij makke de 1-0 - Foto: Orange Pictures

Trainer Henk de Jong moast achteryn puzelje, fanwegen blessueres by Erik Schouten, Marco Tol en Maxim Gullit. Hy joech de 19-jierrige Jhondly van der Meer in basisplak sintraal yn de ferdigening.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Van der Meer, Bangura; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Breij, Boere, Kallon

Nei in pear lytse kânskes oan beide kanten wie Heracles de earste ploech dy't serieus ticht by de iepeningstreffer wie. Mats Knoester kopte in foarset van Bilal Basacikoglu flak foardel.

Foar Cambuur wie linksbûten Issa Kallon geregeld driigjend, mar sûnder rendemint. Uteinlik bruts Michael Breij de ban. Hy krige de bal op rjochts, gong in ien-twake oan mei Jamie Jacobs. Dy lei de bal perfekt klear en Breij krôle de bal mei links raak.

Kânsen foar Heracles

Net lang nei dy 1-0 wie it al hast wer lyk. Luca de la Torre lei de bal op 'e holle fan Kaj Sierhuis, dy kopte fan tichtby tsjin 'e latte.

It wie de earste fan ferskate grutte kânsen yn koarte tiid foar de besikers. Ut in foarset fan Basacikoglu wie Giacomo Quagliata ek ticht by de lykmakker, mar hy skeat njonken.

Goed begjin twadde helte

Cambuur stie ûnder druk, mar helle it skoft sûnder skea. Direkt oan it begjin fan de twadde helte ferdûbele Mees Hoedemakers de foarsprong. Breij krige de bal by spits Tom Boere, dy lei 'm werom op Hoedemakers. De kontrolearjende middenfjilder skeat fan bûten it strafskopgebiet hurd raak: 2-0.

Mees Hoedemakers nei de 2-0 - Foto: Orange Pictures

Dêrnei kaam Cambuur net faak mear serieus yn 'e problemen. Ald-Cambuurspiler Rai Vloet naam it doel fan Sonny Stevens ûnder fjoer fan ôfstân, mar de doelman koe it skot ta corner ferwurkje. En út in corner krige Sinan Bakis in flinke kâns, mar hy skeat fan tichtby oer.

Kallon makke hast dien wurk foar de Ljouwerters. Hy luts nei binnen ta, besocht it mei in skot yn 'e fiere hoeke, mar doelman Janis Blaswich hold Heracles yn de wedstriid.

Noch even spannend

De lêste pear minuten waarden dochs noch spannend. Ut in nije corner kopte Knoesten yn, mei in bytsje gelok einige de bal foar de fuotten Bakis. Dy twivele net en skeat fan tichtby raak.

Yn de blessueretiid kaam Heracles net mear oan skoaren ta en dus wie de tredde thúsoerwinning op rige foar Cambuur in feit. Troch de winst stiet Cambuur op it stuit sânde yn de earedivyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)