Nei 400 jier klinkt lang om let in tredde klok foar Warkum

Der wie ferline wike al even proeflet, mar dochs wie it in spannend momint. Kommissaris fan de Kening Arno Brok koe tongersdei troch in knop om te draaien de nije Warkumer klokke 'Geartrui' offisjeel yn gebrûk nimme.
Tanksij Geartrui produsearret de Warkumer toer no in bysûnder trijelûd © Omrop Fryslân
De ferline jier yn Dútslân getten klok is justjes lytser en heger as de twa oare klokken, mar trijeresom klinke de klokken dochs harmoanysk, nei it sin fan de Dútse klokjitter Hans-Martinn Rincker.

Gelokkich net iuwen mei minne klank

"In nije klok by twa âlde klokken hingje is altyd spannend. As it net goed giet, hat Warkum iuwenlang in minne klank, mar it pakt gelokkich goed út", fertelt de man yn it Dútsk. "De âlde klokken hawwe in hiel eigen lûd. De nije klok is de klankkroan op dat lûd en past der hiel goed by. De Warkumers kinne no genietsje fan in bysûnder trijelûd."
Dat it projekt goed útpakt is gjin tafal. De firma Rincker makket al iuwenlang klokken. Om de nije klok goed passe te litten, hat Rincker oerenlang yn de Warkumer toer omspaand om de âlde klokken te beharkjen en mei spesjale apparatuer lûdsopnamen makke fan de twa âlde klokken.
Warkum moat grutsk wêze.
Harm Haitsma fan de Monumintestichting
Kommissaris fan de Kening Arno Brok, foar de gelegenheid beselskippe troch syn Brabânske kollega Ina Adema, wie him goed bewust fan it histoaryske momint. Hy spruts ek in winsk út, út namme fan Geartrui.
Harm Haitsma fan de Monumintestichting fynt dat de trije klokken mei-inoar fantastysk klinke. "Dit is seker skiednis. As je mear as 400 jier op in klok wachtsje en dan klinkt it sa moai, dat is in 'belevenis'. Warkum moat grutsk wêze."
De tsjerke en de toer fan Warkum © Omrop Fryslân
Yn de Warkumer Gertrudistoer is al 400 jier plak foar trije klokken, mar oant no ta hongen der mar twa. Yn de boeken en de argiven is neat fûn oer in tredde klok. Warkum is dwaande mei in skema om de trije klokken te lieden yn oerlis mei de tsjerke en pleatslik belang. "As it oan ús leit, sille we de klok safolle mooglik liede."

Krekt op tiid

De Warkumer Monumintestichting wie krekt op tiid mei de opdracht foar de nije klok, fertelt klokkejitter Rincker. "As se de klok no besteld hiene, hie allinnich al it materiaal seker 30.000 euro mear koste." De klok is ferline jier al getten. It ophingjen en yn gebrûk nimmen fan Geartrui is fanwege de coronaperikelen opskood nei dit kalinderjier.
Beharkje ús reportaazje oer it yn gebrûk nimmen fan Geartrui