Skoalbern sporte op 'geheime' plakken yn de bosk by Oranjewâld

Klimme, drave en springe: mear as 1.000 skoalbern dogge tongersdei en freed mei oan de Adventure Trail yn de bosk by Oranjewâld. Se folgje in spannende rûte mei aktive opdrachten op plakken dy't gewoanwei ticht binne foar publyk.
Foarich jier sieten de skoalbern in soad binnen, dus no bûten wêze is ekstra moai:
De skoalbern gean yn groepkes fan fiif op paad en lizze in parkoers fan fiif kilometer ôf. Underweis dogge se aktiviteiten dêr't se punten mei fertsjinje kinne.
Sa dogge se bygelyks oan BMX'e, kanofarre, suppe en freerunning. Binnen twa oeren moatte se by de finish wêze.
Floris en Tijn fine it "superleuk, want normaal zou je nu gewoon op school op je tablet werken. Dit is een stuk leuker."
In ûnderdiel fan de Adventure Trail © Omrop Fryslân
It is foar it earst dat de trail ek organisearre wurdt foar bern út de boppebou fan it basisûnderwiis. Alle skoallen fan it fuortset ûnderwiis op It Hearrenfean sille freed los op de baan.
Wiebren Dijkstra is buertsportcoach by de gemeente Hearrenfean en is wiis mei de trail: "Ons doel is om zoveel mogelijk kinderen in beweging te brengen en plezier in bewegen te laten beleven."
Dijkstra en oare buertsportcoaches út de gemeente organisearje de trail yn gearwurking mei Sportstad Heerenveen.