Buma: Hoareka-eigeners dy't net meiwurkje mei coronapas krije boete

23 sep 2021 - 17:12

Hoareka-ûndernimmers dy't net meiwurkje wolle oan de ferplichte corona-app by de doar, kinne in boete ferwachtsje, seit boargemaster Buma fan Ljouwert. De kommende twa wiken sil dat noch net drekst barre, mar dêrnei wurdt der hurder optreden.

Foto: Omrop Fryslân

Fan takom wykein ôf is in faksinaasje- of testbewiis ferplichte foar besikers fan de bioskoop, teäter, kroech of restaurant. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, dy't ek foarsitter is fan de Feilichheidsregio Fryslân, seit dat er hopet dat hanthavening net nedich wêze sil. Dochs lieten 30 Fryske hoarekasaken al witte dat se harren net oan dizze nije maatregel hâlde sille.

'Niet willen' en 'niet kunnen'

Hoareka-ûndernimmers dy't harren besikers net kontrolearje wolle op in QR-koade, wurde earst oansprutsen, seit Buma. "Zeker de eerste twee weken zijn we afwachtend, dat is ook landelijk gezegd. Maar als het te gek wordt en iemand weigert gewoon echt, dan kan het betekenen dat je moet handhaven."

Persoanielstekoarten

"Er zit een groot verschil met 'niet willen' en 'niet kunnen'", seit de boargemaster. "We gaan wel proberen ondernemers te ondersteunen. Er komt geld van het Rijk naar de gemeenten. We zullen ook kijken hoe we daarin het beste kunnen handhaven of hoe we met ondernemers die controles kunnen doen."

Mijn beeld is dat heel veel mensen eraan zullen voldoen, omdat het in ieders belang is.

Boargemaster Buma oer de kontrôle mei de CoronaCheck-app

Yn it gefal fan personielstekoarten troch de nije maatregel moatte se nei in nije oplossing sjen, seit Buma.

'In ieders belang'

Buma tinkt lykwols dat in soad minsken harren oanpasse sille oan de nije maatregel foar de hoareka, seit er. "Mijn beeld is dat heel veel mensen eraan zullen voldoen, omdat het in ieders belang is."

Boargemaster Buma oer it hanthavenjen fan de hoareka

(Advertinsje)
(Advertinsje)