Protest of net: 'De Stuit is bêste lokaasje foar Jouster brûsplak'

Sporthal De Stuit op De Jouwer is dochs de bêste lokaasje foar in brûsplak foar sosjale en kulturele organisaasjes. Dat fine boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Fryske Marren. Omwenners fan De Stuit ha har earder útsprutsen tsjin de komst fan in brûsplak.
Sporthal De Stuit op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Stuit is al langer yn byld as plak foar kulturele en maatskiplike ferienings, want dy ha no net in geskikt ûnderkommen. In projektgroep hat om geskikte lokaasjes socht.
Doe't De Stuit yn byld kaam, ha minsken dy't yn de buert wenje dertsjin protestearre. Sy binne benaud foar oerlêst.

Finansjeel better

De sporthal wurdt op it stuit brûkt troch skoallen foar gymnastykûnderwiis en troch in tal ferienings. Finansjeel kin dat net út, seit de gemeente. Boppedat moat it gebou ynkoarten ferduorsume wurde.
Troch fan De Stuit in kultureel brûsplak te meitsjen, wurdt de besetting better en kin it finansjeel ek better út.

6,5 miljoen euro

It kolleezje fan De Fryske Marren freget de ried om akkoart te gean mei sa'n 6,5 miljoen euro om de sporthal geskikt te meitsjen as brûsplak. De ried fan De Fryske Marren praat der op 27 oktober oer.