COA freget opnij om azc yn Balk langer iepen te hâlden

It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) hat de gemeente De Fryske Marren frege om it asylsikerssintrum yn Balk langer iepen te hâlden.
It azc yn Balk © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It azc soe op 1 oktober ticht gean, mar omdat de ynstream fan asylsikers út Afganistan grut is en en statushâlders net gau trochstreame nei oare wenplakken, sitte opfanglokaasjes yn it lân te fol.
Dêrom organisearret it COA no needopfang. De gemeente De Fryske Marren hat noch gjin beslút naam, it kolleezje bepraat it fersyk fan it COA op koarte termyn. Uteinlik beslút de gemeenteried.
Doe't De Fryske Marren yn juny besleat dat it azc yn Balk nei fiif jier ticht moast, wie it COA teloarsteld. Balk wie in goede lokaasje foar de bewenners en út it doarp kamen in soad positive reaksjes.