Wol silerij, mar gjin feesten by Strontwike yn Warkum

23 sep 2021 - 16:15

De festiviteiten by de Strontwike yn Warkum geane foar it twadde jier op rige net troch. De coronamaatregels soargje neffens de organisaasje foar noch te folle heaken en eagen. Fearn wurdt der wol.

Sterke Jerke by de Strontrace - Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

Aktiviteiten op de wâl binne der dit jier net, seit de organisaasje. "In goed overleg met de gemeente Súdwest-Fryslân hebben we de mogelijkheden verkend", seit foarsitter Klaas de Bok fan it Zeilvaartcollege. "Wat is een 'doorstroomlocatie' en wat niet? Moeten we wel of niet werken met testen voor toegang? We hebben daarom besloten verstandig te zijn."

"We zijn wel teleurgesteld", seit Esmeralda Popkema fan it Zeilvaartcollege. "We hebben alle opties bekeken. Maar wie moet je controleren, waar zet je de controlepunten neer? We werken met vrijwilligers en wij zijn uiteindelijk verantwoordelijk."

Ferskate eveneminten

De Strontwike, alle jierren yn de hjerstfakânsje, bestiet út ferskate eveneminten: it Beurtveer, de Strontrace, de fiskerijwike, it muzykbarren Liereliet en it klompkesilen.

Mei de jildende coronaregels soe by it Liereliet in maksimale kapasiteit fan 75 prosint tastien wêze. "Is het dan nog wel haalbaar", freget Popkema har ôf. "Het is juist de combinatie van alle evenementen die het zo fantastisch maakt."

Farre sûnder publyk

Der wurdt dus wol fearn: de dielnimmers oan it Beurtveer, Visserij en Strontrace stride om de brijleppels. Dat wurdt ek oars as oars: sûnder publyk bygelyks. De ferieningen binne noch dwaande om te sjen hoe't se alles coronaproof organisearje kinne.

Trefwurden: 
Warkum Strontwike coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)