70 nije coronabesmettingen yn Fryslân

23 sep 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 70 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der trije mear as woansdei, doe waarden 67 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 85 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat oantal op 95, in wike lyn op 125.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

Fryslân bliuwt read

Op de Europeeske coronakaart fan it ECDC bliuwt Fryslân read. De Europeeske sûnenstsjinst publisearret dy kaart alle tongersdeis. Lannen brûke de kaart foar har coronabelied.

Read is de op ien nei heechste kategory. Njoggen fan de tolve provinsjes kleurje sûnt tongersdei oranje, omdat de coronasituaasje dêr ferbettere is. Njonken Fryslân bliuwe ek Súd-Hollân en Flevolân noch op read.

Lanlik mear besmettingen

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 1.841. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1.801 besmettingen deis yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)