ProRail: Spoarbrêge by Ljouwert nei alle gedachten oer oardel wike klear

23 sep 2021 - 14:33

De reparaasje fan de stikkene spoarbrêge by Ljouwert sil nei alle gedachten oer oardel wike klear wêze, meldt ProRail. De brêge oer it Van Harinxmakanaal kin sûnt 7 septimber net mear iepen.

De stikkene brêge - Foto: ProNews

Moandei waard de silinder nei Snits brocht, dêr't spesjalisten ûndersyk diene nei de skea. Ut de ynspeksje is no dúdlik wurden hoe't de silinder it beste makke wurde kin. Skansearre ûnderdielen - it giet dan om skuorde pakkingen - sille ferfongen wurde, meldt ProRail. It werstel en it werompleatsen fan de silinder sil dêrom nei alle gedachten oer oardel wike al plak fine. Nije wike komt ProRail mei de eksakte datum.

Earder dizze wike wie de ferwachting fan de spoarweibehearder dat it werstel fan de spoarbrêge noch wiken duorje soe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)