Hoareka-eigeners wolle net hanthavenje op corona-app: "Frije tagong foar elkenien"

23 sep 2021 - 13:33

Mear as 30 hoarekasaken yn Fryslân sille harren net hâlde oan de kontrôle op de CoronaCheck-app, dy't fan dit wykein ôf ferplicht wurdt foar hoarekabesikers. Dat is te sjen op de lanlike webside horecazonderprik.nl.

Hoareka-eigeners wolle net hanthavenje op corona-app

Wessel Boomsma fan Restaurant Roodhert yn Burgum is ien fan de restauranteigeners dy't net meidwaan wol oan it hanthavenjen. "Ik fyn dat de hoareka gastfrij wêze moat", seit Boomsma. "Dat betsjut yn myn eagen: frije tagong foar elkenien."

Personielstekoart

It restaurant hat neffens Boomsma net genôch personiel om de gasten te kontrolearjen. "We sitte it hiele jier al mei personielstekoart. No komt it der op del dat alle oeren dat we iepene binne, der op syn minst ien of twa persoanen wêze moatte om de koades te kontrolearjen, en dy ha ik net."

Foto: Shutterstock / Henk Vrieselaar

Neffens Boomsma sille der genôch oare plakken oerbliuwe dêr't minsken wol nei ta gean kinne. In dilemma is it lykwols wol, want hoareka-eigeners dy't mei opset sin net hanthavenje, kinne in boete krije of sels harren saak tichtdwaan moatte.

Ik fyn net dat it ús taak is om sûnens te kontrolearjen.

Hoareka-eigner Wessel Boomsma

Mar Boomsma bliuwt by syn stânpunt. "Ik fyn net dat it ús taak is om ús sûnens te kontrolearjen. Minsken kinne dat sels hiel goed bepale", fertelt er. "Ik ha 16 jier yn de hoareka wurke, dat ha ik mei in protte wille dien. Ik wol in bytsje wille ha yn myn wurk, en dat besykje ik no foar mysels te dwaan, om it in bytsje noflik te hâlden."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust en restauranteigner Wessel Boomsma oer it hanthavenjen yn de hoareka

(Advertinsje)
(Advertinsje)