Wurkstraf foar Snitser dy't buorman mei fleismessen bedriget

In 34-jierrige ynwenner fan Snits is feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren wêrfan't 70 ûnder betingst. De man hie syn buorman bedrige mei fleismessen.
© ANP
Nei in feestje klom de man op it balkon fan syn buorman. Nei't de buorman dêr wat fan sei, waard de Snitser poerlilk. De man pakte twa messen en bedrige de buorman dêrmei. Ek hat de man syn buorman misledige.
Neffens de plysjerjochter wie it in wûnder dat de situaasje net út de hân rûn is.

Klacht ynlûke

De manlju hawwe it ynsidint útpraat. De buorman hat sels besocht om de klacht yn te lûken. Dat kin yn Nederlân lykwols net. De Snitser hat dêrom dochs in wurkstraf krigen. Ek moat de man 300 euro smertejild betelje.