Fryske Ynsprekwike: Hoe lêze je in tekst foar sûnder te hakkeljen?

23 sep 2021 - 12:12

It foarlêzen fan in tekst is noch net sa ienfâldich. Dat murk ek kening Willem-Alexander: by it foarlêzen fan de troanrede ferspruts er him in soad. No't de Frysk Ynsprekwike dwaande is, kinne we wol wat tips brûke om teksten op in goeie wize foar te dragen.

Foto: ANP

Presintaasjecoach Mattie Kamminga seit dat hakkeljen benammen te krijen hat mei spanning. Dat is hiel gewoan, stelt se. "Wanneer je voor een groep staat, voelt bijna iedereen spanning. Dat kun je niet zomaar uitschakelen."

Fertel it ferhaal

Neffens Kamminga is it better om net foar te lêzen, mar it ferhaal gewoan te fertellen. "Dan kan het zo zijn dat je afwijkt van de tekst, maar dan struikel je er minder over, omdat je het niet woord voor woord hebt voorbereid."

In tekst út 'e holle leare, is ek net de bedoeling. "Dat is een valkuil: dan word je bijna een acteur."

Fryske Ynsprekwike

By de Fryske Ynsprekwike moatte minsken sinnen foarlêze. Se kinne dus net samar in ferhaal fertelle. Neffens Kamminga is it dan wichtich om it net te grut te meitsjen as minsken harren ris fersprekke. "Dat kan iedereen overkomen, dus zit daar niet over in."

Fierder moatte minsken om harren sykheljen tinke: "Als mensen het spannend vinden, komen ze wat hoger in hun ademhaling te zitten. Dan ga je steeds wat moeilijker praten. Je moet dan even goed uitademen en de ademhaling weer laten zakken naar je buik. Zodat je stem meer ruimte krijgt."

Mattie Kamminga jout foarlêstips

(Advertinsje)
(Advertinsje)