Boargemaster Ellen van Selm: "De oplossing van de grote problemen van deze tijd ligt op het platteland"

23 sep 2021 - 10:21

Ellen van Selm, de boargemaster fan Opsterlân en foarsitter fan de gearwurkjende plattelânsgemeenten seit dat de kaai foar it oplossen fan de grutte problemen fan dizze tiid op it plattelân leit. Se ropt it kabinet op om mei it plattelân yn petear te gean.

Boargemaster Ellen van Selm fan de gemeente Opsterlân - Foto: Gemeente Opsterlân

Neffens Van Selm hat it plattelân in grut foardiel. "Daar is de ruimte. Zowel voor woningbouw, het opvangen van de gevolgen van klimaatverandering als voor de energietranisitie."

Mei Den Haag yn petear

Mar dat kin ek de oare kant op slaan. "Den Haag moet niet bepalen over wat er bij ons op het platteland moet gebeuren, maar moet rekeninghouden met de belangen van boeren, dorpen en ons landschap."

Van Selm ropt Den Haag dêrom op om yn petear te bliuwen mei it plattelân.

Multyfunksjoneel brûken fan it lân

Konkreet tinkt Van Selm dat it lân op meardere wizen brûkt wurde kin. "Bijvoorbeeld voor een boerenschuur, maar dan met zonnepanelen erop. Alles voor meerdere doeleinden gebruiken."

Ek by it wenningprobleem tinkt Van Selm oan sa'n oplossing. "Maak van bestaande gebouwen bijvoorbeeld woonruimte. Dus geen grote, uitgestrekte wijken op het platteland, maar mooi aansluitend op waar behoefte aan is in dorpen en gemeenten."

Omtinken foar it plattelân

Van Selm wie teloarsteld oer de troanrede. "De grote problemen worden benoemd, maar het woord 'platteland' komt er niet in voor."

Dat wylst de gearwurkjende plattelânsgemeenten, de P10, de saneamde Agenda Platteland oan de formateur oanbean hienen. Dêryn steane tsien oandachtspunten hoe't it plattelân helpe kin by it oplossen fan problemen op it gebiet fan wenjen en enerzjy.

"Dus onze missie is nu om te zorgen dat het onder de aandacht van politici blijft."

Ellen van Selm fan de P10, de organisaasje foar gearwurkjende plattelânsgemeenten

(Advertinsje)
(Advertinsje)