Jouster Merke yn oergongsfaze: freed oardel meter, nei middernacht net mear

It is in nuvere situaasje foar de organisaasje fan de Jouster Merke. It evenemint mei dit wykein yn oanpaste foarm wer los, mar se sitte wol mei de oergong fan regels. Op sneon geane de ferrommingen yn en dus jilde op sneon en snein oare regels. Tongersdei en freed binne maatregels as de oardel meter noch fan krêft.
Ynte Kuindersma (links) en Martin Meijer (rjochts) © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Sa, dy hinget", seit Ynte Kuindersma fan de Jouster Merke. Hy hinget in buordsje fan hout oan in bouhikke. Mei grutte tiewraps makket er it wite boerd mei it wurd 'uitgang' fêst. "Hjir komt de útgong, want we moatte noch rinrûtes meitsje. De earste twa dagen moat dat. Freed om middernacht mei alles fuort."
It sil wol moatte, want oars kinne we neat.
Ynte Kuindersma fan de Jouster Merke
Dan geane nammentlik de nije coronaregels yn. En dat is foar de organisaasje dreech, fertelt Kuindersma.
"Dit hiene we oars net en it kostet in soad jild. It is prachtich dat we wer merke ha, dêr ha we ferline jier triennen om litten. Mar no krije je safolle brike dingen. Yn Den Haag ha se betocht dat sneon alles wer fuort kin. Alles stiet yn de hikken, oeral moatte buordsjes op. Mar it sil wol moatte, want oars kinne we neat."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de Jouster Merke
Fan in ôfstân ôf besjocht organisator Martin Meijer de merke. Der steane sa'n fiif attraksjes, mar dat is neffens Meijer net genôch.
"Afgelopen maandag hebben we pas de vergunning gekregen. Dat is lastig, want alle exploitanten met hun attracties waren toen al vergeven. Die staan dit weekend ergens anders. Ik kon ze eerder geen garantie geven en dus zijn veel afgehaakt."

'Slapeloze nachten'

Meijer ûnderbrekt syn ferhaal efkes en sjocht oer de merke hinne. "Maar we zijn ook heel erg blij dat we het toch gered hebben met elkaar. Dit zijn overmachtdingen en we mogen tenminste weer los. Maar ik heb er slapeloze nachten van gehad."