Hearrenfean skoart te let en ferliest topper yn Rotterdam

Sportklup Hearrenfean hat de topper yn De Kuip ferlern. Feyenoord wie mei 3-1 te sterk. Kânsen wienen der benammen foar it skoft in soad foar de Friezen, mar pas tsien minuten foar tiid skoarde Joey Veerman. Dat wie te let om it noch spannend te meitsjen.
Joey Veerman, Henk Veerman en Siem de Jong © Orange Pictures
Foarôfgeand oan de trochdewykse spylronde stie Hearrenfean tredde, Feyenoord fiifde. Beide ploegen hienen trije wedstriden wûn. Benammen Feyenoord hie ôfrûne wykein in soad yndruk makke, troch mei 4-0 te winnen op besite by PSV.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic; Madsen, Halilovic, J. Veerman; Musaba, H. Veerman, De Jong
Tsjin Hearrenfean begûnen de Rotterdammers ek goed. De earste grutte kâns wie fuortendaliks raak. Rjochtback Marcus Holmgren Pedersen joech foar en Guus Til skode de bal achter âld-Feyenoorder Erwin Mulder.

Hearrenfean hieltyd better

Mar wat langer de earste helte duorre, wat better oft Hearrenfean yn de wedstriid kaam. Tibor Halilovic wie de earste 'Fries' dy't de goal fan ynternasjonal Justin Bijlow ûnder fjoer besocht te nimmen. Hy skeat njonken.
Net folle letter stie Siem de Jong oan de ein fan in moaie oanfal. Fia de foet fan in Feyenoord-ferdigener gong syn skot, fanôf de râne fan it strafskopgebiet, oer.
De Friezen krigen mear kânsen op de lykmakker. Musaba gong derfan troch op links, hie in soad romte, mar de djiptebal fan Henk Veerman wie te hurd, wêrtroch't Bijlow yngripe koe. En út in foarset fan Woudenberg stie De Jong yn skoaringsposysje, mar hy meande oer de bal hinne.
Siem de Jong (links) krijt kânsen mar skoart net, Til (rjochts) skoart twa kear © Orange Pictures
Al oan it begjin fan de twadde helte wie de grutste kâns fan Hearrenfean op de 1-1. Halilovic stjoerde Henk Veerman fuort yn de djipte. De spits lei de bal oer Bijlow hinne, mar de bal gong krekt oer.
Dêrnei kaam Hearrenfean hieltyd minder oan fuotbaljen ta. Alireza Jahankbakhsh tocht nei in lyts oere de 2-0 te meitsjen, mar hy krige de bal fan Bryan Linssen, dy't dêrfoar bûtenspul stien hie.

Wrâldgoal Linssen

Dat feest gong foar De Kuip dus net troch, mar twa minuten letter wie it dochs raak. No joech Jahanbakhsh de bal oan Linssen, dy't de bal mei de hakke fia binnenkant peal binnen lei.
Nei't it Halilovic net slagge om de spanning werom yn de wedstriid te bringen, makken Jahanbakhsh en Gernot Trauner hast dien wurk. De earste skeat lykwols yn 'e hannen fan Mulder en de kopbal fan Trauner gong njonken.

Oanslutingstreffer komt te let

In lytse tsien minuten foar tiid wie Bijlow foar it earst ferslein. Op oanjaan fan Arjen van der Heide spile Joey Veerman himsels goed frij. Mei links pleatste er de bal yn de krusing.
Echt spannend waard it lykwols net mear. Yn de 88e minút kopte Til fan tichteby syn twadde binnen: 3-1.