Teste op corona kin dit wykein op alle Waadeilannen

22 sep 2021 - 20:30

It is mei yngong fan sneon op alle Fryske Waadeilannen mooglik om in coronatest te dwaan foar in coronatagongsbewiis. It betsjut dat eilanners net nei de fêste wâl ta hoege as se sa'n tagongsbewiis helje wolle foar bygelyks it restaurant of de kroech.

De oertocht mei de fearboat nei Skiermûntseach - Foto: ANP

Op Skylge en It Amelân wienen al sokke testplakken, mar op Flylân en Skiermûntseach noch net. De boargemasters fan beide eilannen, Michiel Schrier en Ineke van Gent, trunen derop oan dat der ek op dy eilannen testlokaasjes komme moasten.

Prik, opknapt of test

Mei yngong fan dit wykein is it nammentlik op in soad plakken ferplicht om in coronatagongsbewiis sjen te litten. Dan is it minder belangryk om oardel meter ôfstân te hâlden. Minsken dy't faksinearre binne of koartlyn opknapt binne fan it coronafirus, ha al sa'n tagongsbewiis. Oaren moatte har teste litte foar in tydlik bewiis, dat 24 oeren jildich is.

In QR-koade yn de CoronaCheck-app - Foto: ANP

It like der earst op dat bewenners en gasten fan Flylân en Skiermûntseach dus net op it eilân teplak koenen foar in test. Van Gent is der achteroan gien en hie al gau goed nijs: "Zoals het nu lijkt zullen wij vanaf volgende week zaterdag een testlocatie hebben op het eiland. Er zal ook contact op genomen worden met Vlieland om het te regelen."

122 lokaasjes

Yntusken is it hielendal rûn en krije Flylân en Skiermûntseach twa fan de yn totaal 122 testlokaasjes. Dat wurdt allegear regele troch de Stichting Open Nederland.

Njoggen op de tsien Nederlanners kin binnen tweintich minuten mei de auto by sa'n testlokaasje wêze, seit it ministearje fan Folkssûnens. Guon plakken yn Fryslân lizze noch wol fier wei fan sa'n lokaasje. Minsken yn it noardeasten of uterste súdwesten fan Fryslân moatte al gau 40 minuten ride, en binne mei it iepenbier ferfier noch langer ûnderweis.

'Fijnmaziger'

Op 11 oktober feroaret de situaasje wer. Bedriuwen kinne har op it stuit ynskriuwe om nei 11 oktober coronatests ôf te nimmen. It ministearje hopet dat it netwurk dêrtroch 'fijnmaziger' wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)