Sintrale As lekt wetter: metalen út fundearring soargje foar skea oan miljeu

De fundearring fan in part fan de Sintrale As (N356) soarget foar miljeuskea en moat oanpakt wurde. Dat meldt it provinsjebestjoer yn in brief oan Provinsjale Steaten.
De provinsje wit noch net op hoefolle plakken it probleem spilet:
De problemen spylje by fiadukten en ôfslaggen op it stik dyk tusken Dokkum en De Westereen.

Miljeuskea

De skea wurdt feroarsake trochdat grûn- en reinwetter troch de fundearring hinne streame kin. Metalen en oare stoffen streame dêrtroch fanút de fundearring it miljeu yn.
De Sintrale As © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It probleem is al jierren bekend by de provinsje, mar resint ûndersyk hat oantoand dat it net maklik op te lossen is.

Opfange en ôffiere

Direkt neidat it probleem konstatearre wie, is op guon plakken it fersmoarge wetter dat út de dyk streamt opfongen yn de berm, en mei tankauto's ôffierd. Op oare plakken steamde it wetter earst in feart yn. Dêr wurdt it no ek opfongen.

'Gjin gefaar'

De problemen mei de fundearring soargje foar skuorren yn de dyk. Neffens it provinsjebestjoer soarget dat net foar gefaar foar it ferkear. De skuorren binne yntusken tichtmakke.

Wettertichte konstruksje

De dyk wurdt no op ferskate mominten oanpakt. Dit neijier komt op in part fan de dyk in wettertichte konstruksje, dy't foarkomme moat dat opnij wetter lekt. In oar part fan de dyk wurdt yn de maitiid fan 2022 oanpakt. De plannen om alles op te knappen moatte noch wol neisjoen wurde.
Oant dy tiid bliuwe de tydlike maatregels jilden: wetter opfange en ôffiere.

Finansjele skea

Wa't de maatregels betelje moat, is noch de fraach. It provinsjebestjoer fynt dat de oannimmers dat dwaan moatte, mar ha dêroer noch gjin oerlis hân mei de bedriuwen.

Selde probleem op Lauwersseewei?

De provinsje tinkt dat itselde probleem him foardocht by de Lauwersseewei (N361). Dy dyk wurdt oan de ein fan de moanne trije dagen ôfsletten, om ûndersyk te dwaan nei de fundearring fan it fiadukt oer de Strobosser Trekfeart.
Dêr is it weidek ek skansearre. Yn de wike fan 1 novimber wurdt it asfalt oer in lingte fan likernôch 200 meter fernijd.