Foeke Booy werom by SC Cambuur, Sandor van der Heide hâldt op

Sandor van der Heide komt net werom as assistint-trainer by SC Cambuur. Dochs giet it wol wer stikken better mei de Snitser. Posityf nijs is der ek: technysk manager Foeke Booy giet wer foarsichtich oan it wurk.
© Orange Pictures
In lytse trije moannen lyn waard Booy troffen troch in harsenynfarkt. Hy hat in oantal wiken yn it sikehûs en yn in herstelklinyk west, wêrnei't er fan begjin augustus ôf thús oan syn refalidaasje wurkje koe.
It giet sa goed, dat Booy de lêste wiken alwer ris yn it Cambuur Stadion west hat. Woansdei hie er offisjeel syn earste dei wer op de club. Op de training liet de technysk manager syn gesicht sjen, wêrnei't er applaus krige fan de supporters en guon spilers him oankrûpten.
Doe't er fertelde dat er der wer wêze soe, wie ik grutsk.
Henk de Jong oer Foeke Booy
Booy docht noch wol rêstich oan en sil de kommende tiid ien dei yn de wike op de klup wêze. Trainer Henk de Jong is bliid dat er der wer is. "It is geweldich. Hy belle my ferline wike en doe't er fertelde dat er der wer wêze soe, wie ik grutsk. Wy helpe him goed om him wer op gong te krijen."
Henk de Jong oer Foeke Booy en Sandor van der Heide:
Tsjinoer it weromkommen fan Booy stiet dat assistint-trainer Sandor van der Heide net werom komt. In lyts jier lyn kaam Van der Heide thús te sitten mei in soarte fan burn-out. Hy wurke te folle, krige in warskôging fan syn lichem en goaide it roer om. "Het moet vanaf nu gewoon anders, that's it", sei er dêrnei.
Nei't Van der Heide nei de winterstop wer in oantal wedstriden op de bank siet, foel er dochs werom. De kampioenswedstriid tsjin Jong AZ makke er wol mei fan de bank ôf, sa wie ek de winsk fan Henk de Jong.
Sandor van der Heide fiert it kampioenskip fan Cambuur mei © Orange Pictures
Yn it nije seizoen spile Van der Heide noch gjin rol by de klup en dat sil ek net mear gebeure neffens De Jong. "Sandor sil net werom komme. Dy sil oare dingen dwaan. Dat moat ek, want hy moat gelokkich wêze."
Op dat mêd hat De Jong ek goed nijs. It giet neffens de Cambuur-trainer 'hiel goed' mei Van der Heide. "Hy hat syn leventsje wer moai oppakt. Dat fyn ik belangryk: dat minsken dy't ticht by my steane, in goed libben ha."