67 nije coronabesmettingen yn Fryslân

22 sep 2021 - 15:17

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 67 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der acht mear as tiisdei, doe waarden 59 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 95 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat oantal op 103, in wike lyn op 125.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen opnommen.

15 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit 15 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Fan har lizze fjouwer op de intensive care en njoggen op oare ôfdielingen.

Yn de trije noardlike provinsjes giet it yn totaal om 15 pasjinten op de intensive care en 20 pasjinten op oare ôfdielingen.

Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Lanlik mear besmettingen

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 1.935. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 1.839 besmettingen deis yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)