Grou hat dochs wer in útfeartsintrum: ôfskied nimme yn húslike sfear

22 sep 2021 - 14:56

Grousters kinne sûnt koart ôfskied nimme fan harren ferstoarnen yn in saneamd 'ôfskiedshûs'. Sûnt 2018 koe dat net mear yn eigen doarp, want doe gie rousintrum De Uithof ticht.

It hjit in ôfskiedshûs:

Utfeartferieining Fender kundige earder dit jier oan los te wollen yn Grou, mar de eigener fan it gebou stuts dêr in stokje foar. De inisjatyfnimmers hawwe no in oar plak fûn.

Gjin oaren oer de flier

It rousintrum is in privee-ôfskiedshûs yn húslike sfear wurden, foar ien famylje per kear. Dus der komme gjin oaren oer de flier, seit Marise den Oudsten fan Fender. "Mensen noemen het ook wel een opbaarlocatie, maar dat vinden we zo'n akelig woord. Daarom noemen we het een afscheidshuis."

Ofskiedshûs yn Grou - Foto: LEO Middelsé, Lennard Jan Geerts

Der wie al in Afscheidshuis yn Ljouwert, by it begraafplak Vitushof by de wyk Westeinde. Grou siet sûnt 2018 sûnder rousintrum, want doe gie De Uithof ticht. Sabine Rietveld fan Fender wennet yn Grou en seach dat njonken har in gebou frijkaam.

Lilke brief

Fender iepene dêr it ôfskiedshûs, mar doe't se krekt iepen wiene, krigen se in lilke brief fan de eigener. Hy wie benaud foar weardefermindering as der ferstoarne minsken yn it gebou lizze soene. It nije rousintrum moast nei koarte tiid al wer ticht. No is der in nije lokaasje fûn. Sneon wie der iepen dei.

Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts mei inisjatyfnimmers Marise den Oudsten en Sabina Rietveld fan it Ofskiedshûs yn Grou

Foto: LEO Middelsé, Lennard Jan Geerts
(Advertinsje)
(Advertinsje)