Ferdigenjende fraachtekens by Cambuur foar duel mei Heracles Almelo

22 sep 2021 - 14:50

It is noch net dúdlik wa't tongersdei by SC Cambuur sintraal efteryn stiet njonken Calvin Mac-Intosch. Oanfierder Erik Schouten is noch blessearre, datselde jildt foar Maxim Gullit, mar no gie op de training ek Marco Tol earder nei binnen ta.

Henk de Jong krige nochal wat ferwiten nei de nederlaach tsjin Ajax:

Schouten rekke ferline wike blessearre yn de warming-up foar de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Hy hopet der snein tsjin Sparta wer by te wêzen. Gullit die it earste part fan de training wol mei, mar gie dêrnei nei binnen ta. Hy is net ynsetber tongersdei tsjin Heracles Almelo.

Dêr kaam Tol ek noch by, dy't ek earder ôfheakke. Mar trainer Henk de Jong bliuwt der restich ûnder. "Dy ha ik bewust nei binnen stjoerd. Marco moatte we efkes ôfwachtsje. Hy hat juster in skopke krigen en dêr hat er wat lêst fan. Dat sjoch ik moarn wol."

Ferdigener Marco Tol is noch in fraachteken foar tongersdei - Foto: Orange Pictures

Fierder lit De Jong syn alvetal yntakt, nettsjinsteande de 9-0 nederlaach tsjin Ajax. De Drachtster krige yn de lanlike media de folle laach fan ûnder oaren analytisy Johan Derksen en Hugo Borst. Se ferwieten De Jong dat hy nayf west hat troch te oanfallend te spyljen tsjin Ajax.

"It docht my wol wat, seker as se begjinne te skellen", seit de Cambuur-trainer. Derksen neamde him 'een padvinder'. "We steane twa jier boppe-oan mei normale jonges en no ha we ien tikje hân yn twa jier. As minsken dan skelle wolle, dogge se dat dochs."

De wedstriid tusken SC Cambuur en Heracles Almelo is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 18.30 oere tongersdei. In kertier letter set de wedstriid útein. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.

De Jong is it ek net iens mei it stimpel dat Cambuur nayf spile hawwe soe tsjin Ajax. "By sân fan de njoggen goals stiene we mei alve man efter de bal. Do kinst net efter de goal stean hè, want dan is de goal leech. Dan wurdt it 80-0."

Sonny Stevens wol revâns foar de nederlaach tsjin Ajax:

Keeper Sonny Stevens moast de bal tsjin de Amsterdammers njoggen kear út it net fiskje. It hat him net lang dwers sitten, fertelt Stevens. "Ik heb prima geslapen. De eerste nacht ben ik wel een paar keer wakker geworden, maar nu niet meer."

Tsjinstanner Heracles Almelo stiet op it fyftjinde plak mei fjouwer punten út fjouwer wedstriden. Nettsjinsteande dy lege klassearing fynt Stevens it gjin minne ploech. "Het is een goed voetballend team, met goede spelers en een goede trainer."

Als je zo van het veld bent gestuurd, heb je wel bepaalde revanchegevoelens voor de volgende wedstrijd.

Keeper Sonny Stevens foar it duel mei Heracles Almelo

Neffens Henk de Jong is it wichtich dat syn ploech de begjinfaze fan it duel mei Heracles Almelo goed trochkomt. "We moatte ús earst yn dy wedstriid knokke. It publyk moat ús der it earste kertier efkes trochhinne raze, want we sille it wol efkes muoilik krije. We ha natuerlik in tikje hân. Mar as we dertrochhinne komme, kinne we tink ik wer goed meifuotbalje."

By Stevens libje revânsgefoelens nei it megaferlies yn Amsterdam. "Het is wel fijn dat we een doordeweeks programma hebben", fynt de man dy't oanfierder is, no't Schouten ûntbrekt. "Als je zo van het veld bent gestuurd, heb je wel bepaalde revanchegevoelens voor de volgende wedstrijd."

Calvin Mac-Intosch, Sonny Stevens en Marco Tol - Foto: Orange Pictures

It is in drokke wike foar SC Cambuur mei yn njoggen dagen trije wedstriden. Nei Heracles Almelo is snein yn Rotterdam Sparta de tsjinstanner. In dei letter, op moandei, skoot trainer Henk de Jong oan yn de SportCast fan Omrop Fryslân. Hy sjocht werom op de earste oardel moanne yn de earedivyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)