Druk fan Fryslân en Twadde Keamer yn kwestje tolken: "It giet om it Frysk, blinder"

22 sep 2021 - 14:51

Minister Ferd Grapperhaus fan Justysje kin Keamerfragen ferwachtsje oer it ûntbrekken en goed beteljen fan spesjalisearre rjochtbanktolken yn it Frysk. Dêrnjonken sil deputearre Sietske Poepjes der ek by it regear op oantrúnje dat der in fatsoenlike fergoeding komme moat.

Deputearre Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

"Ik tink dat de polityk hjir oan it wurk moat", seit deputearre Poepjes. "By de Steatefraksjes sjogge je dat de FNP en oare partijen der al drok mei binne. Sy wurkje ek gear mei partijen yn de Twadde Keamer. Der wurde krityske fragen opsteld foar de minister om te sjen wat dy dwaan kin mei it beteljen fan de tolken."

Romke de Jong (D66) fan De Gordyk en Gert-Jan Segers (ChristenUnie) wolle Keamerfragen stelle oer it ûntbrekken fan Fryske tolken yn it rjochtsferkear. De FNP hat holpen om de fragen op te stellen. De partijen wolle witte hoe't de minister it rjocht op it brûken fan it Frysk as twadde rykstaal garandearje wol, no't der gjin Fryske tolken mear aktyf binne om't sy fine dat sy te min betelle krije.

Sijbe Knol fan de FNP hat de lanlike polityk holpen by de fragen

Fierder wolle sy witte oft de minister ree is om konkrete ôfspraken fêst te lizzen oer tolken yn in bestjoersôfspraak. It brûken fan it Frysk soe ek befoardere wurde kinne troch ôfspraken te meitsjen mei de rjochterlike macht oer de aktive of passive behearsking fan de taal.

D66-Keamerlid Romke de Jong - Foto: ANP

Deputearre Poepjes wol it út namme fan de provinsje ek mei minister Grapperhaus oppakke. "De tolken moatte better betelle wurde. It is nommel en respektabel wurk. It giet om it Frysk, blinder. Dus hjir is noch wol wat wurk te fersetten."

Yn petear mei minister

De 70e jierdei fan Kneppelfreed soe wat Poepjes oanbelanget in 'moaie natuerlike deadline' wêze. "Grapperhaus is in goede jurist, ik wol him graach dúdlik meitsje dat it net earlik is wat hjir bart. Tolken hawwe rjocht op in adekwate fergoeding", sa stelt sy. Likegoed Grapperhaus as Poepjes hearre by it CDA.

Deputearre Sietske Poepjes oer de tolkekwestje

Poepjes besiket konkreet te meitsjen wat it Frysk praten foar minsken betsjutte kin. "Minsken moatte de taal sprekke kinne dy't sy wolle. By myn eigen famylje haw ik sjoen dat as je by bygeyks priklokaasjes yn 'e mjitte kaam wurde yn it Frysk, dat soks betrouwen jout. Minsken wurde der rêstiger fan."

Eigen taal jout betrouwen

Itselde jildt foar minsken dy't foar de rjochter komme. "As kwetsber persoan moatte je jesels yn it Frysk útdrukke kinne. As in rjochter je net begrypt, stean je al op efterstân. Dêr giet it my as bestjoerder en as Fries om. It Frysk moatte je net inkeld efter de eigen foardoar sprekke meie."

(Advertinsje)
(Advertinsje)