Deinum hat in mobyl lûdsmjitpunt krigen: mear mjitpunten komme der net

Sy hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar Deinum en Blessum hawwe no in mobyl mjitpunt om it lûd fan F-35's fan de Ljouwerter fleanbasis te mjitten.
"Eerst hadden we alleen overlast, nu hebben we ook de cijfers om dat te bewijzen":
De doarpen bespeure mei de komst fan de F-35's mear leven boppe de hollen as mei de F-16's, mar kinne har klachten net staavje oan desibellen om't se gjin offisjeel mjitpunt hiene. Mei de komst fan in mobyl mjitpunt kin dat wol en binne dy lûdsgegevens online yn te sjen fia it fêste mjitnetwurk om de fleanbasis hinne.
De mjitpunten wurde troch Definsje fasilitearre. It lûdsmjitnet is der op fersyk fan omwenners kaam.
"Ik ben blij dat 'ie er is", seit Henk Berg fan it doarpsbelang. "We hadden min of meer de toezegging dat het een half jaar lang zou blijven. Daar weet men nu ineens niet meer van. Maar goed, het meetpunt is er. We zijn er heel blij mee."

It bliuwt by dizze mjitpunten

Njonken de 15 fêste mjitpunten en it mobile mjitpunt by Deinum komme der net mear, hat de fleanbasis witte litten. "Ik hoop dat we aan kunnen tonen dat wij hier een hoop lawaai hebben", seit Berg. "Als ze met z'n vijven over het dorp heen komen, dan kun je buiten niet meer zijn. Ik denk dat 'ie over de honderd decibel gaat."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Deinum
Doarpsbewenner Jan Molog is ek wiis mei it mjitpunt. De stroom foar it punt wurdt fan syn hiem wei helle. "It is ferskuorrend lûd as de wyn út it noarden komt. De mjitpunten hawwe stroom nedich, ik bin benei kaam oft sy stroom fan ús krije koene. Ik wurkje mei, want it is foar de hiele omjouwing wichtich."