Kredietbank wol lanlike enerzjytaslach foar minsken mei smelle beurs

22 sep 2021 - 12:13

De enerzjyrekken driget ûnbetelber te wurden foar minsken mei in smelle beurs. Dat seit direkteur Hans van der Meulen van de Kredietbank. Hy pleitet foar in enerzjytaslach lykas der ek in hiertaslach, in soarchtaslach en in berneopfangtaslach is.

Foto: ANP

It giet om in taname fan sa'n 550 à 600 euro yn it jier, seit Van der Meulen: 400 euro mear foar gas en 150 euro mear foar elektrisiteit. Neffens it Nibud binne der no al sa'n 650.000 minsken dy't problemen hawwe mei it beteljen fan de enerzjyrekkening. Van der Meulen: "Dat is geen sinecure. Honderd euro voor iemand die dagelijks de eindjes aan elkaar moet knopen is ook een volkorenbrood per week of een winterjas voor de kinderen."

Om dizze minsken te helpen moat it Ryk mei in enerzjytaslach komme, lykas der ek in hiertaslach is, fynt Van der Meulen. Mar der is mear. It giet net allinnich om it leger draaien fan de termostaat fan 20 nei 15 graden, wêrtroch't minsken yn de kjeld komme te sitten, it giet ek om it enerzjysuniger meitsjen fan wenningen. Dêr soe de gemeente by helpe kinne. Want as minsken gjin jild hawwe om yn harren libbensûnderhâld te foarsjen, dan ek net foar ferduorsuming, fynt Van der Meulen.

Der earder by wêze

De gemeente kin ek helpe mei 'betide sinjalearring'. Dat wurket sa: enerzjymaatskippijen jouwe oan de gemeente troch wa't betelproblemen hawwe en de gemeente skeakelet help yn. Dat hoege net perfoarst skuldhelpferlieners te wêzen, it kinne ek frijwilligersorganisaasjes wêze.

"Armoede leidt tot stress. Dan maakt je niet altijd logische keuzes", seit Van der Meulen. Hy ropt minsken dy't help oanbean krije op, dêr dochs foaral gebrûk fan te meitsjen.

Hans van der Meulen, direkteur fan de gemeentlike Kredietbank

(Advertinsje)
(Advertinsje)