Ald-sportferslachjouwer Wietse Kiffers stoarn

22 sep 2021 - 12:00

Ald-sportferslachjouwer Wietse Kiffers (85) is stoarn. Hy wurke yn de jierren '80 en '90 as freelancer op de sportredaksje fan Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslan

Kiffers wie ien fan de earste sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân. Hy makke ûnder oare reportaazjes fan en die ynterviews by iishockey, kuorbal en hynstesport. Fierders die er yn 1997 live ferslach fan de Alvestêdetocht. Yn it deistich libben wurke Kiffers yn it ûnderwiis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)