Gjin Fryske tolken mear beskikber yn rjochtbank fanwege ‘meagere fergoeding’

It Frysk yn de rjochtseal stiet ûnder druk, no't de Fryske tolk Fedde Dijkstra tiisdei syn lêste sitting meimakke. Hy hâldt op omdat de fergoeding net heech genôch is. De twa oare tolken Frysk slute har by him oan. It betsjut dat der gjin spesjalisearre rjochtbanktolken yn it Frysk mear binne.
Der binne gjin Fryske tolken mear beskikber:
Fedde Dijkstra fan Wurdum sit yn it bestjoer fan de Orde van Rechtbanktolken en -vertalers, dy't al in skoft striidt foar in bettere beleanning foar tolken.
Der binne al langer soargen oer it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtseal, omdat hieltyd minder rjochters en offisieren fan justysje it Frysk ferstean kinne soene. Ammerins Moss-de Boer en Stephan Berger binne letter as tolken Frysk oan it register taheakke. Mar dat lost it probleem net op, want Moss en Berger binne 'folslein solidêr' mei Dijkstra.
Tolk Fedde Dijkstra © Omrop Fryslân
Troch it net beskikber wêzen fan Fryske tolken rint 70 jier nei Kneppelfreed it rjocht om it Frysk te brûken op rjochtbank en gerjochtshôf gefaar. Yn 1951 is it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal yn de wet ferankere. Dat barde nei Kneppelfreed, wêrby't by it Ljouwerter hôf fochten waard foar de memmetaal fan de Friezen.
Fedde Dijkstra oer syn beslút
Dijkstra syn lêste sitting as rjochtbanktolk Frysk wie tiisdei foar it Ljouwerter gerjochtshôf. Nei de tiid neamde advokaat Tjalling van der Goot, dy't ek by dy sitting wie, it 'tryst' dat troch it ophâlden fan Dijkstra de lêste rjochtbanktolk Frysk op C1 nivo ferdwynt.
Of je soargje derfoar dat alle rjochters yn Ljouwert de Fryske taal behearskje, of je betelje de tolken in earlik taryf.
Advokaat Tjalling van der Goot fan Ljouwert
Van der Goot fynt dat it in grutte mearwearde hat dat minsken yn de eigen taal terjochte stean kinne. Neffens de Ljouwerter advokaat wurdt it heech tiid dat der wat bart om de posysje fan it Frysk by rjochtbank en gerjochtshôf better te regeljen. "Of je soargje derfoar dat alle rjochters yn Ljouwert de Fryske taal behearskje, of je betelje de tolken in earlik taryf."

Frysk yn de rjochtseal útholle

"It is wichtich dat je by je eigen taal bliuwe kinne: minsken moatte net sykje nei wurden. As der gjin tolk is, betsjut it dat it Frysk yn de rjochtseal útholle wurdt", seit Van der Goot. "Dit is in ôfgryslike tebeksetter. Mar it giet om jild. Eltsenien hat rjocht op in earlike fergoeding. As je dan sjogge nei it belang, dan soe ik sizze dat it probleem oplost wurde kin."
Advokaat Tjalling van der Goot fan Ljouwert
Yn de Fryske provinsjale polityk is woansdei skrokken reagearre op it berjocht dat Dijkstra ophâldt as tolk en dat dêrmei mooglik ek it Frysk praten by de rjochtbank net mear garandearre wurde kin.

Polityk skrokken

Dijksta is troch FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol útnûge om woansdei op it provinsjehûs te kommen foar in oerlis oer de kwestje.

Underhannelje

Sûnt 1 jannewaris 2021 is der in nij beslút yn tariven strafsaken, leit Fedde Dijkstra út. Dat hâldt yn dat der mei it Iepenbier Ministearje ûnderhannele wurde mei oer it taryf as in tolk oproppen wurdt.
Dijkstra: "Tolken meie ûnderhannelje en der is in wetlik minimumtaryf kaam. Wy binne selsstannige ûndernimmers, dus je meie altyd ûnderhannelje. As sy net it taryf betelje wolle dat je freegje, dan kinne sy in oar belje."
In soad ferlet oan Fryske tolken is der net en jo wurde der ek perfoarst net ryk fan.
Fedde Dijkstra
Foar safier't Dijkstra wit, binne der op dit stuit twa registrearre Fryske tolken yn it register. "Yn de media wurdt in soad skreaun dat der te min tolken Frysk binne. As der mar ien is, is der mar ien. As dy dan net kin, dan is der gjin tolk. Oer it generaal is it sa dat jo ien of twa sittingen yn de moanne hawwe, dat it al in soad is. In soad ferlet oan Fryske tolken is der net en jo wurde der ek perfoarst net ryk fan."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferline jier presintearren Deputearre Steaten in oplossing om it tekoart oan Fryske tolken op te heinen. Troch beëdige tolken en oersetters in taaltoets dwaan te litten soene der seis tolken by komme moatte. Sa soe it dus foar in tolk Ingelsk of Dútsk en mooglik wurden moatte om it foech foar it Frysk derby helje te kinnen.

Taaltoets

Op dizze wize hoege minsken net mear it swierdere talittingseksamen foar tolk ôf te lizzen. Foar it plan is in toetsingskommisje beneamd. De provinsje stelde 5.000 euro beskikber om de dielnimmers finansjeel yn 'e mjitte te kommen.
Mei de taaltoets moat noch wol it Frysk op C1-nivo helle wurde. Neffens Deputearre Steaten moatte sân tolken genôch wêze foar Fryslân. Deputearre Steaten seine doe wol dat de foarkar by echte Fryske tolken lizze soe, mar de taaltoets soe foarearst wol in oplossing wêze kinne.

'Wet gebruik Friese taal'

Yn de 'Wet gebruik Friese taal' is regele dat it Frysk yn sittingen brûkt wurde mei. In tolk-oersetter kin dêr bystân by ferliene. De fergoeding foar dizze tolk komt oer it generaal by it Ryk wei.
Ek bûten it rjochtsgebiet fan de Rechtbank Noord-Nederland mei in fertochte Frysk prate. Mar dan moat it wol oannimlik wêze dat de persoan him net foldwaande yn it Nederlânsk útdrukke kin. By rjochtsaken meie prosesstikken ek yn it Frysk skreaun wurde.