Jelle Zoetendal: "Kabinet lit kwetsbere jongerein yn 'e kjeld stean"

22 sep 2021 - 08:10

Der giet mear as ien miljard euro nei de jongereinsoarch, waard yn de troanrede bekend. Dat jout wat lucht oan gemeenten, mar dochs soe der noch folle mear by moatte. Dat fynt wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean.

Jelle Zoetendal - Foto: Omrop Fryslân

Zoetendal hat jongereinsoarch yn syn portefúlje. Yn Fryslân hawwe mear as 10.000 bern te krijen mei jongereinhelp en de kosten dêrfan binne de lêste jierren allinnich mar fierder omheech gien. Sûnt it Ryk der net mear oer giet, moatte gemeenten alle jierren jild bylizze. En mei de útbraak fan it coronafirus is de need allinne noch mar heger wurden.

Struktureel jild nedich

Neffens Zoetendal giet it eins ek om jild dat al earder tasein is. "It is in soad jild, mar eins net genôch. It kabinet lit op dizze wize kwetsbere jongerein wol wat yn de kjeld stean: gemeenten hawwe struktureel jild nedich, dit jild is mar foar ien kear."

Nij kabinet

Dat de formaasje mar net opsjitte wol, helpt net. "No't der gjin nij kabinet is, is der ek noch min sicht op de takomst. Mei dit demisjonêre kabinet kinne gemeenten eins gjin ôfspraken mear meitsje. Wy sitte wol om dy dúdlikens te springen."

Wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean

Ferline jier gie der 300 miljoen nei de jongereinsoarch. Byinoar liket dat hiel wat, mar Zoetendal seit dat Nederlânske gemeenten noch sa'n 2 miljard euro it jier te min krije om de wetten út te fieren dy't it Ryk fêststeld hat. "Alle gemeenten sitte mei soargen yn it sosjaal domein en de jongereinsoarch."

Under druk

Fryslân kin him noch aardich rêde, seit Zoetendal. Minsken kinne noch help krije. "Mar it stiet wol ûnder druk, ek wy kinne straks de rekkens net mear betelje. Dan rekkenje minsken op in oerheid, mar kinne gemeenten it net wiermeitsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)