Op 'e nij gjin Kokedei, mar dochs kin der molken wurde yn Warkum

Gewoanwei stiet eltse fjirde woansdei yn septimber Warkum yn it teken fan Kokedei. Tradisjoneel is der feekeuring en konkoers, mar lyk as ferline jier giet Kokedei fanwegen corona net troch. In freoneploech lit it der lykwols net by sitte.
In sabeare ko melke © Shutterstock.com (M.Moira)
Yn Warkum komme sabeare kij op strie te stean, fertelt Bouke Jan de Jong fan de ploech. "Wy hawwe mei keunstkij dwaande west. Der steane tolve yn in frachtwein, dy nimme wy mei. Der komme minsken del, wy nimme in pilske, der is in springkessen foar de bern. En de keunstkij kinne molken wurde", seit hy.
Bouke Jan de Jong
In pear boeren út de buert hiene noch in keunstko en de oare kij binne hierd. "Wy sitte wolris oan in pilske, dan hawwe je wolris in goed idee. Op in gegeven stuit hiene wy dit idee al sa faak ferteld, dan moatte je wol. Wy hawwe in soad positive reaksjes krigen. Ik tink wol dat der wat minsken te sjen komme. Wy meitsje der wat fan."